PODCAST: 'Rare kwasten'

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze fyftjinde Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'Rare kwasten'.

Utstjoering 15: Rare kwasten

Gerrit mei hiel graach tekenje en skilderje. Hy hat les hân fan Koko, in ferneamd skilder. Koko ferstjert hommels en Gerrit kriget al syn skildersark. Hy is der tige wiis mei oant er ta de ûntdekking komt dat der wat nuvers oan de hân is: de kwasten geane har eigen wei, hy hat der gjin kontrôle oer en dat soarget foar nuodlike situaasjes...
Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify.
Sjoch foar mear ynformaasje en alle oare ôfleveringen fan Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.