Dit binne de Fryske foto’s foar de lanlike foto-tentoanstelling oer de oarloch

01 maaie 2020 - 17:00

Der binne sân foto's út Fryslân selektearre foar it lanlike projekt De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's. Alle provinsjes hawwe in bydrage levere oan de tentoanstelling. It giet om bylden dy't de oarloch sichtber en ynfielber meitsje.

It projekt is opset troch it NIOD (Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies), om't Nederlân dit jier 75 jier befrijd is. It wurdt dien yn opdracht fan Platform WO2 en is mei mooglik makke troch it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport en it vfonds.

Alle provinsjes hawwe oarlochsfoto's oanlevere dêr't eltsenien op stimme koe. De Fryske seleksje oarlochsfoto's is keazen troch Tresoar, Fries Verzetsmuseum, Historisch Centrum Leeuwarden, Provinsje Fryslân, Leeuwarder Courant en Omrop Fryslân. Op 15 jannewaris binne de foto's út ús provinsje presintearre. In boargerfoarum ûnder Khadija Arib hat úteinlik de 100 foto's keazen foar de lanlike útstalling. Neffens de organisaasje 'geven deze foto's een uniek inzicht hoe we vandaag de dag in Nederland naar de jaren van oorlog en bezetting kijken.'

'Oog in oog met de oorlog'

De Fryske foto's binne (as de maatregels tsjin it coronafirus it talitte) tusken 6 juny en 6 septimber te sjen yn it Fries Verzetsmuseum yn de tentoanstelling Oog in oog met de oorlog. Dy is mei mooglik makke troch Provinsje Fryslân en Stichting Friesland 1940-1945. Dêr binne bekende en minder bekende ferhalen yn te sjen út de jierren fan de besetting.

Op 4 maaie komme de foto's op www.in100fotos.nl en de NOS sil nei de deadebetinking in telefyzjeprogramma útstjoere oer it projekt op NPO2 om 20.35 oere.

Dit binne de 7 foto's út Fryslân dy't keazen binne foar de tentoanstelling:

Leden fan de Nederlandse Arbeidsdienst by Warkum - Foto: Fries Verzetsmuseum

Sy foarmje in lange rige, de leden fan de Nederlandse Arbeidsdienst (NAD). Yn likense trêd stappe de manlju troch de polder by Warkum. De NAD-leden drage skeppen op de skouders, as wiene it gewearen. Efter harren de reiddekke Ho-mole oan de Homolefeart. De mole is al lang ferdwûn, hjoed-de-dei leit op dit plak ien fan de sportfjilden fan V.V. Workum, njonken de Sudergoawei.

Eksersearje mei de skeppe

It omtôgjen mei skeppen is it symboal fan de NAD, in organisaasje dy't yn 1941 oprjochte is troch de besetter. De manlju wurkje by it oanlizzen fan diken en kanalen en yn de lânbou. Dochs wurde se sa ek oplaat foar bygelyks it graven fan fjochtgroppen. De NAD wurket earst mei frijwilligers, mar fan 1942 ôf binne jongelju ferplichte. It duorret net lang foar't de organisaasje ûnder nasjonaalsosjalistyske ynfloed komt. De oplieding hat in sterk militêr karakter, dêr heart it eksersearjen ek by.

NAD-leden sliepe yn kampen, njoggen yn Fryslân. Kamp Warkum hjit ek wol 'It Romme Fjild.' Yn 1944 skriuwt in krante nei in besite: "Wat de jongens leeren is: absolute gehoorzaamheid. Een bevel is een bevel en dat dient te worden opgevolgd. Misschien is dat niet altijd even aangenaam - het leven vraagt echter ook niet naar prettig of verdrietig, doch stelt zijn eischen, waaraan we eenvoudig hebben te voldoen."

Benjamin Raphaël en Jansje Pais - Foto: Griet de Jong (Tresoar, Fries Fotoarchief)

It is goed mooglik dat dit de lêste foto is fan Benjamin Raphaël Pais en syn suske Jansje. Sy laitsje nei de fotograaf, mar de Joadestjer op harren klean jout al in tinken fan wat der mei harren barre sil. De foto is yn 1942 makke oan de Noarderhaven yn Harns. Dêr wenje sy mei harren âlders Raphaël Pais en Roosje Pais-Cohen. Op 23 novimber binne de bern en Roosje fermoarde yn konsintraasjekamp Auschwitz. Heit Raphaël libbet noch trije moannen, mar komt op 28 febrewaris 1943 om yn itselde kamp.

Der wennen 47 Joadske minsken yn Harns. Mar ien dêrfan hat de oarloch oerlibbe.

Pier Nobach is finzen nommen troch de Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten fan Smellingerlân - Foto: Tresoar (Fries Fotoarchief)

Grimmitich sjocht er de kamera yn, Pier Nobach (1882-1965). Syn hannen binne fêstbûn, om it skouder hinget it NSB-logo. Nobach wennet krekt oer de grins yn Doezum en is NSB'er. Hy is berucht yn it Frysk-Grinzer grinsgebiet. It giet minsken kâld oer de lea as se syn namme hearre.

Duvel fan it Westerkwartier

Nobach syn frou is Dútsk en syn sweager is Ortskommandant. Sels is er ynformant foar de Sicherheitsdienst (SD). Hy waarmet him oan de macht dy't om him hinne hinget. As Nobach fynt dat ien nei Dútslân moat, dan wurdt dat regele. Hy stiet yn it eastlik Fryslân bekend as 'de duvel fan it Westerkwartier.'

Ferjilding foar de dea

Yn 1943 besiket it ferset Nobach út te skeakeljen. Dêr komt syn soan by om it libben. Nobach is troch it lilke hinne en tinkt dat it ferset fan Surhústerfean ferantwurdlik is foar de dea fan syn soan. As ferjilding lit hy twa manlju eksekutearje. Letter folget in razzia: 38 minsken wurde nei Kamp Vught brocht, twa manlju komme om.

Op 15 april 1945 arrestearret de Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten Nobach yn de Surhuzumer Mieden. Hy wurdt feroardiele ta in libbenslange finzenisstraf. Dochs wurdt Nobach nei in pear moannen alwer frijlitten, fanwege syn minne tastân. Hy ferstjert yn 1965 yn Zaltbommel.

De ôffierploech fan de bekende fersetsdied 'De Oerfal' - Foto: Tresoar (Fries Fotoarchief)
(advertinsje)
(advertinsje)