Auto en frachtwein komme yn botsing yn Ljouwert, bestjoerder ferwûne

01 maaie 2020 - 16:41

By in ûngelok op de krusing fan de Harnzerstrjitwei en de Engelsestrjitte yn Ljouwert is freedtemiddei de bestjoerder fan in auto ferwûne rekke. De auto kaam yn botsing mei in frachtwein.

De frachtwein kaam út de Nachtegaalstrjitte, draaide de Harnzerstrjitwei op en kaam doe yn botsing mei de auto. Op it plak fan it ûngelok wurdt oan de dyk wurke.

De bestjoerder fan de auto is kontrolearre troch ambulânsepersoniel. Hoe't it krekt mei de bestjoerder is, is net dúdlik. De beide weinen rekken net bot skansearre troch it ûngelok.

(advertinsje)
(advertinsje)