Sporter fan de Wike: Taeke Triemstra wol de bêste keatser fan alle tiden wurde

01 maaie 2020 - 15:59

Hy hat eins noch ien doel: de beste keatser fan alle tiden wurde. Taeke Triemstra hat lykwols, sa as safolle minsken, in probleem: it coronafirus. Trochdat it seizoen net begûn is, wurdt it foar him noch in hiele put om dat te heljen. Hy hat noch twa folle seizoenen nedich. Minimaal.

Oan de râne fan Bitgummole traint Taeke by syn maat Tjisse Steenstra. Mei Gert-Anne van der Bos en harren manager en coach Gabe van Leeuwen. Meastentiids earst in rûntsje rinne, dêrnei foaral krêfttraining. "Mar it is noch mar de twadde kear dat we wer by elkoar binne," sa fertelt Taeke Triemstra. "It duorret fansels ek noch wol efkes foardat we wer in wedstriid keatse." Sa as it no stiet sil der net foar 1 septimber keatst wurde. De PC stiet pland foar 30 septimber.

Foar elke keatser en leafhawwer fan de sport is dat bale. Mar miskien foar Taeke wol krekt efkes wat mear. Hy hat nammentlik in doel. Hy wol de bêste keatser ea wurde. "Dat is wol in doel op himsels, ja." Om dat te wurden, moat Taeke earste wurde op de ivige ranglist. Keatsers kinne elke wedstriid punten pakke. By in oerwinning fan in haadklassepartij pakst trije punten. In twadde plak smyt twa punten op. En ast tredde wurdst, pakst dochs noch ien punt.

Ivige ranglist

Plak Keatser Punten
1. Piet Jetze Faber 885
2. Hotze Schuil 876
3. Taeke Triemstra 790
4. Wiebren van Wieren 785
5. Sake Saakstra 770
16. Gert-Anne van der Bos 578
83. Tjisse Steenstra 293

De lêste twa seizoenen helle Taeke 52 en 59 punten. Mei dat oantal soe hy binnen twa jier it earste plak te pakken ha. Mar dit seizoen liket sa goed as ferlern. "Ik ha sawiesa al besletten nei dit seizoen noch troch te gean. Sa wolle je net ôfslute. En yn prinsipe dêrnei ek noch wol in jier. Mar dat witte je noait. It moat wol sa wêze dat it noch leuk is. De lêste jierren winne we hast alles, mar as ik ûnderoan bongelje yn de haadklasse, dan moatte je ek de eare oan dysels hâlde."

Taeke keatst no mei Tjisse Steenstra en Gert-Anne van der Bos. "As it oan my leit, gean we noch wol efkes troch mei syn trijen. Ik keats al alve jier mei Gert-Anne en it klikt hartstikke goed." Boppedat wol Taeke net ophâlde as hy der sa tichtby is. Hy is no 37 jier, begjint it wol wat mear te merken yn syn liif, mar as foarynse giet it noch hiel goed. "Ik wol net de rest fan myn libben op 20 of 30 punten sitte fan Piet Jetze. Dan moat ik trochgean."

(advertinsje)
(advertinsje)