Frysk soarchpersoniel fielt psychyske druk troch coronafirus

Ferpleechkundigen binne wurch, se fiele druk en se fiele har ûnwis, as gefolch fan de coronakrisis. Dat docht bliken út in enkête fan de beropsferiening Verzorgenden en Verpleegkundigen (V&VN) ûnder hast 500 leden.
© ANP
Oan de enkête hawwe foaral wykferpleechkundigen en personiel dat yn fersoargingshuzen wurket meidien. De helte fan har seit dat se benammen wurgens fiele, sûnt de útbraak fan it coronafirus. Goed 41 persint hat lêst fan stress, 61 persint hat lêst fan ûnwissichheid en 40 persint fielt him of har machteleas yn dizze situaasje. Dochs jout 90 persint oan dat se gjin ferlet ha fan psychyske of mentale stipe.

Beskermingsmiddelen

Wylst lanlik in soad soarch is oer genôch beskermingsmiddelen, spilet dat yn Fryslân wat minder. De helte fan de minsken dy't oan de enkête meidien hat, seit dat se genôch middelen hawwe. Likefolle respondinten sizze dat der te min materiaal is. Mar trijekwart seit dat se noch nea foar it dilemma stien ha om pasjinten te fersoargjen sûnder de goeie beskermjende middels.
De measte Fryske fersoargjenden fiele gjin druk om oan it wurk te gean as se gjin beskermjende klean hawwe. 18 persint fielt dy druk wol, fanút de organisaasje. In kwart fan de respondinten leit himsels dy druk op, omdat se pasjinten of kollega's net yn de steek litte wolle.