Op besite, mar dan oars: Bettie Spits tekenet húskeamers

01 maaie 2020 - 15:26

Efkes op besite sit der net yn fanwege de coronamaatregels. Bettie Spits út Ljouwert hat dêrom wat oars betocht: sy makket tekeningen fan húskeamers, om sa dochs noch in bytsje op besite te wêzen.

Foto: Bettie Spits

"Mensen sturen mij een foto, ik maak daar een tekening van. Dan ben ik even een paar uur bij iemand op visite, maar dan anders. Thuis vanaf de bank", seit Spits. "Die foto zet ik op papier, eerst een schets en dan ga ik het inkleuren. En met fineliner maak ik het af."

Bettie Spits oer har tekeningen

Yn ruil foar de tekening, jouwe minsken Spits wat werom. "Ik ruil, mensen geven mij iets liefs, iets leuks of iets lekkers. Mijn plank in de kast hangt over van de flessen wijn. Mensen maken hele maaltijden voor mij, echt heel erg bijzonder."

Neist har wurk yn de soarch, hat Spits hast in deitaak oan it tekenjen. "Ik heb er al meer dan 75 gemaakt. Als ik thuiskom ga ik even relaxen en maak ik een tekening."

(advertinsje)
(advertinsje)