Siedsjes plantsje op Ynternasjonale Sinneblomdei: "Elkenien kin it"

It is de ynternasjonale dei fan de sinneblom. Oeral yn 'e wrâld plantsje minsken op 1 maaie sinneblomsiedsjes op net brûkte stikjes grûn. Mar hoe dogge je dat it bêste en hoe kin in sinneblom sa heech mooglik groeie? Túnman Klaas Piekstra jout tips.
© Omrop Fryslan
Se ha net folle romte nedich, stean it leafst tsjin in muorre oan, protsje sinne en wat potgrûn en der kin net folle mis mear gean.
Túnman Klaas Piekstra
De sinneblomsiedsjes kinne it bêste fan healwei maaie ôf plante wurde, seit túnman Klaas Piekstra. "Se ha net folle romte nedich, stean it leafst tsjin in muorre oan, protsje sinne en wat potgrûn en der kin net folle mis mear gean". De sinneblom is in bijeplant, dus foaral in 'e stêd is it in geskikte plant om ynsekten te lûken.
As der in maaie noch wol in kâlde nacht foarkomt, is it ferstannich om in kartonnen doaske oer it plantsje hinne te setten, seit Piekstra. "It siedsje groeit it bêste yn in rom plantgat, sadat it djip woartelje kin. In bytsje goeie kompost of potgrûn der trochhinne minge sadat it net 'puur' is en it boppeste laachje moat swarte ierde wêze".

Stikstof docht wûnderen

It siedsje moat neffens Piekstra sa'n 1,5 of 2 sintimeter djip mei it puntsje nei boppen ta yn de ierde stoppe wurde. Ek wat floeibere plantefieding kin wûnderen dwaan. "It is in bytsje in raar wurd stikstof, mar sinneblommen groeie der hiel hurd op. In bytsje stikstof yn de plantefieding en de blom wurdt noch wat heger", advisearret Piekstra.
Hy hat ek noch wol in tip foar as minsken lêst ha fan mûzen yn 'e tún: "In bytsje silypiper op 'e grûn rûnom it siedsje, dêr hâlde mûzen net fan". As je it juste soart ha dan kin de sinneblom nei de simmer wol fjouwer meter heech wêze. En ek sûnder fersoarging soe it goedkomme moatte mei de sinneblom, seit Piekstra: "Mei in skroevedraaier in gatsje yn 'e grûn prikke, dêr it siedsje yn en dan slagget it ek. Elkenien kin it".
Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn petear mei túnman Klaas Piekstra

Sinneblom-aksje

De ynternasjonale sinneblomdei is yn 2008 útroppen troch túnder Richard Reynolds út Ingelân. Hy fûn dat de wrâld wol wat mear kleur, leafde en dus sinneblommen brûke koe. Ien ding is wis; dat kinne we mei-inoar yn dizze tiid goed brûke. Mei de sinneblom-aksje fan Omrop Fryslân wolle wy de wrâld ek wat fleuriger meitsje. Minsken koene dêrom sinneblomsiedsjes winne mei in mjitlint derby. Nei de simmer sille wy sjen wa't de heechste sinneblommen hat.
© Omrop Fryslan
Yn Easterbierrum ha se in pûdsje mei siedsjes wûn. Under oare yn de kleastertún fan it doarp sille de blommen plante wurde. "Skoalbern komme hjir om bar mei in groep op 'e tún om it te belibjen", seit Suzanne Hoeksma fan de kleastertún. Ilse is ien fan de basisskoallebern dy't wol op 'e tún komt: "We meie timmerje en plantsje". Se fynt sinneblommen hiel moai om't se grut wurde en se in moaie kleur krije.
Alle skoalbern krije ek in pear siedsjes om thús te besykjen in sa'n grut mooglike blom te krijen. Neffens Hoeksma moatte de bern mar goed sjonge foar de sinneblommen. Amber sit ek op de basisskoalle, mar wit noch gjin ferske. Dêr kin se noch even oer neitinke, want pas nei 11 maaie as de skoalle yn it doarp wer iepen is sille de siedsjes plante wurde. Suzanne Hoeksma sil yn elts gefal noch wat pûdsjes sinneblomsiedsjes derby helje, sadat se der wis fan is dat der foar alle bern genôch binne.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman seach by de kleastertún yn Easterbierrum