Polyklinysk befalle mei eigen ferloskundige kin wer
Froulju kinne fan moandei ôf wer polyklinysk befalle mei in eigen ferloskundige yn de Fryske sikehûzen. Sûnt 20 maart wie dat net mooglik fanwege it risiko fan it coronafirus.
Om fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean wie in polyklinyske befalling allinnich mooglik mei in ferloskundige dy't yn it sikehûs wurket. Dy maatregel wurdt no wer ynlutsen.
Dat betsjut dat swiere froulju wer kieze kinne foar in befalling yn ien fan de Fryske sikehuzen en harren eigen ferloskundige of kreamfersoarger meinimme kinne.
De regels dy't foar besikers fan it sikehûs jilde, jilde ek foar de ferloskundigen. Sa wurdt der bygelyks sjoen oft ien mooglik besmet is mei it firus foardat dy it sikehûs yn kin.