Plysje siket dieder fan fernielingen oan seis auto's yn Ljouwert
Yn de nacht fan tiisdei op woansdei binne yn Ljouwert seis persoane-auto's bekrast. Dat barde yn de Hobbemastrjitte, Frans van Mierisstrjitte en oan de Ferlingde Skrâns.
De dieder of dieders fan dizze fernielingen binne noch net by de plysje bekend. Sy freegje minsken dy't ynformaasje hawwe dan ek kontakt op te nimmen mei it telefoannûmer 0900-8844.