Freedsmerk: "Cambuur hat promoasje fertsjinne!"

"Cambuur hat promoasje nei de earedifyzje earlik fertsjinne. Se fine der fêst noch wol wat op". Dat wie it oerhearskjende optimisme op de Ljouwerter freedsmerk. "Boppedat", sei immen, "binne we ek wat mylder yn dizze tiden. Miskien dat se dêr sels sûnder rjochter noch wol út komme."
© Omrop Fryslân, René Koster
In oar hie wer mear begryp foar de KNVB: "As je it de iene nei it sin dogge, dogge je it de oar tsjin it sin. Dat kin jo dus noait goed dwaan, dat bestiet net!"
In Hearrenfean-fan fûn it wol hiel sneu. Hy wie wol foar tweintich clubs yn de earedifyzje: "Dat is een opwaardering voor de competitie en bovendien krijgt Heerenveen het stadion dan ook nog eens vol..."
In oar ferwachtet in lange juridyske striid: "It lêste wurd is hjir noch net oer sein, it is foer foar juristen, mar it liket wol bot op mjitte mei twa maten."
In poëtyske opmerking kaam noch fan in wat âldere man: "Ik ha der net safolle doel oer, mar der wol in goed gefoel oer."
Ferslachjouwer René Koster op de freedsmerk
© Omrop Fryslân, René Koster