"Wy hiene alles goed trochtocht", mar Kulinêre Frijheids Rally mei net trochgean

01 maaie 2020 - 13:13

Fiif hoareka-ûndernimmers woene kommende tiisdei, Befrijingsdei, in Kulinêre Frijheids Rally troch Fryslân hâlde. Mei in beheind oantal dielnimmers en it iten foar ûnderweis koe ôfhelle wurde. Mar de gemeenten Achtkarspelen en De Fryske Marren, wêryn 3 fan de 5 dielnimmende hoarekabedriuwen lizze, stean it net ta.

Foto: Culinaire Vrijheids Rally

"Wy hiene alles goed trochtocht, de regels fan it RIVM derby holden", seit Jacob Hessels fan It Holt yn Deinum, ien fan de dielnimmende hoarekasaken. "Wy soene om en om starte op fiif startplakken, sadat minsken mekoar net yn it paad sieten. En de rûte ha wy fan tefoaren net bekend makke sadat minsken net swart meiride koene."

Dochs mocht it evenemint net trochgean fan gemeenten Achtkarspelen en De Fryske Marren, wylst Waadhoeke en Ljouwert it net ferbean ha. "Ljouwert hat kontakt hân mei beide gemeenten en seine, wy fine it prima." De Fryske Marren en Achtkarspelen kamen mei de suggestje om de rally dan mar yn de oare gemeenten te dwaan. "Dat is gjin opsje, dan falle der trije bedriuwen by wei. Dan kinne wy hin en wer ride tusken Deinum en Jellum, dat is wol in hiel koart ritsje", seit Hessels.

"Inisjativen moatte yn needferoardering passe"

"Yn it foarste plak moat ik sizze dat ik it yn eigen gemeente fansels sjoch dat de hoareka it swier hat, Inisjativen om der wat oan te dwaan besykje wy te stimulearjen mar dy moatte wol passe binnen dy noadferoardering", seit boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren.

Jacob Hessels en Fred Veenstra oer it ferbieden fan de Rally

Yn it gefal fan de Kulinêre Frijheidsrally is dat net it gefal, seit hy. "Ta 1 septimber binne gjin eveneminten mei fergunning tastien, at je mei 200 auto's de dyk op wolle is dêr in fergunning foar nedich. Dan mei it net", seit Veenstra.

Yntusken hat de gemeente Waadhoeke ek bekend makke dat se it evenemint net tastean. Fan de gemeente Ljouwert is noch gjin reaksje kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)