Kommissaris fan de Kening en deputearre bringe besite oan Flylân: "Goed gesprek gehad"

01 maaie 2020 - 12:56

Kommissaris fan de Kening Arno Brok en deputearre Avine Fokkens ha freed in besite brocht oan Flylân, om mei eigen eagen te sjen hoe't de ekonomy der op it Waadeilân byleit. "We hebben een goed gesprek gehad", seit wethâlder Dick Visser fan Nieuw Liberaal Vlieland.

"We hebben de problematiek die op Vlieland en de andere Waddeneilanden speelt goed kunnen verwoorden en een luisterend oor gevonden bij de commissaris en gedeputeerde", seit Visser.

Troch de coronakrisis komme der hast gjin toeristen mear nei it eilân, wylst it grutste part fan de Flylanner ekonomy út toerisme bestiet. "Bij een aantal ondernemers staat het water aan de lippen en wordt het hoog tijd om weer omzet te gaan maken om niet verder in het slob te geraken. We hopen dan ook dat onze premier op 11 mei meer ruimte geeft om de economie weer op te starten, anders hebben sommige bedrijven hier wel een probleem."

Oanpassingen

De ûndernimmers en polityk op Flylân ha ek neitocht oer oplossingen om de ekonomy wer op te starten. Sa is it plan om yn de Doarpstrjitte gjin fytsferkear mear ta te stean, sadat der mear romte is foar de terrassen en kuierders. "We hopen dat we eind mei zover zijn dat we de aanpassingen goed voor elkaar hebben en dat het eiland weer kan gaan draaien", seit Visser.

Mar ek as de coronakrisis foarby is, sil de gemeente Flylân neffens wethâlder Visser noch jierren lang de gefolgen fernimme. "Toeristenbelasting maakt ongeveer zeventien procent van onze begroting uit. We verwachten dit jaar op ongeveer veertig procent van onze toeristische capaciteit te komen. Dat betekent dat het zijn weerslag gaat hebben op onze begroting", sa seit Visser.

De fjoertoer fan Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
(advertinsje)
(advertinsje)