GGD: Gjin nije coronastjergefallen, twa nije positive tests

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân gjin nije coronastjergefallen meld. Dat meldt GGD Fryslân. It oantal minsken dat ferstoarn is oan de gefolgen fan it coronafirus bliuwt dêrom stean op 62. Der binne wol twa nije positive tests bykaam. Fan 512 Friezen is no befêstige dat se it firus oprûn hawwe. "We zitten al minstens een week strak onder de tien positieve tests, dus het gaat hartstikke goed in Fryslân. Je ziet dat we ons met z'n allen goed aan de maatregelen houden", ljochtet Margreet de Graaf fan GGD Fryslân ta.
GGD Fryslân © GGD Fryslân
It oantal coronabesmettings en -stjergefallen falt fan it begjin fan de corona-útbraak ôf ta yn it Noarden. Heechlearaar mikrobiology Alex Friedrich fan it UMCG yn Grins pleitet foar ferskillende maatregels foar ferskillende regio's. Hy neamt as foarbyld dat kappers yn it Noarden wer foarsichtich it wurk oppakke kinne, wol mei in mûlkapke. Dat soe as foardiel hawwe dat je dan sjen kinne oft it ferromjen fan de maatregels effekt hat of krekt earslings wurket.

GGD stelt tsjinoerstelde oanpak foar

De GGD'en hawwe lykwols in tsjinoerstelde oanpak foarsteld. De Graaf: "In lijn met wat Alex zegt, zou er regionaal verschil kunnen ontstaan, maar dan omgekeerd. Daarbij zou er zoveel mogelijk worden genormaliseerd en daar waar het opvlamt gaan we dan weer even terug naar de oude maatregelen."
Dêrby soe elkenien syn libben wer sa goed mooglik oppakke kinne en foarkaam wurde kinne dat minsken út gebieten dêr't de maatregels net ferromme binne ôfreizgje nei plakken dêr't dat wol it gefal is. "Maar uiteindelijk is het aan het OMT (Outbreak Management Team, red.) wat ze willen adviseren aan de minister-president.
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân oer de nijste sifers
Margreet de Graaf seit lûden heard te hawwen dat de maatskippij foar de simmer wer iepensteld wurdt. "Het kan best dat er per week of drie weken weer een beroepsgroep aan de gang kan. Maar dat hangt ook af van hoe iedereen de regels naleeft. Hoe strakker we met ons er met z'n allen aan houden, hoe meer er weer open kan."