Koart pleit SC Cambuur tsjin de KNVB tsjinnet op freed 8 maaie

01 maaie 2020 - 11:53

It koart pleit tusken SC Cambuur en De Graafschap, en de KNVB is op freed 8 maaie om 10:00 oere by de rjochtbank Midden-Nederlân yn Utrecht. De twa klups binne it der net mei iens dat se fanwegen de beëiniging fan de kompetysje net promovearje fan de earste difyzje nei de earedifyzje.

Foto: ANP

Op de sitting sille de twa klups en de KNVB harren stânpunten nei foaren bringe. De rjochter stelt fragen en fertelt hoe't hy tsjin de saak oansjocht. Oan de ein fan de sitting sil de rjochter oanjaan wannear't hy in útspraak docht. Dat sil uterlik op 22 maaie wêze.

Fanwegen de coronamaatregels is de rjochtbank net iepene foar publyk. De rjochtbank ûndersiket op dit stuit de mooglikheden om de sitting fia in livestream út te stjoeren.

Ledegearkomste

Cambuur hat advokaat Dolf Segaar yn 'e earm naam om de klup te helpen yn de juridyske striid. Neffens him hat de rûte fan it koart pleit net de foarkar fan de klup. Segaar hopet fia in ledegearkomste fan de betelle fuotbalklups in earedifyzje mei tweintich klups ôf te twingjen. Yn dit senario soenen Cambuur en De Graafschap dus promovearje en bliuwe ek RKC Waalwijk en ADO Den Haag yn de earedifyzje.

"Ik wil de clubs helpen die ledenvergadering bijeen te krijgen, maar heb wel bij de KNVB het verzoek neergelegd of de bond bereid is er een spoedeisend belang aan te geven. Als we het doen volgens het reglement, dan kan het maximaal zeven weken duren eer er zo'n ledenvergadering is. Dat vind ik te lang duren", sa seit Segaar.

Om in algemiene ledegearkomste ôf te twingjen ha Cambuur en De Graafschap noch twa oare klups nedich. Om it foarstel fan tweintich klups yn de earedifyzje dertroch te krijen is dan wer in mearderheid fan de klups fereaske. As dit net op koarte termyn slagget, dan hoopje Segaar en Cambuur fia it koart pleit promoasje foarinoar te krijen.

(advertinsje)
(advertinsje)