Swimbad yn Menaam dit jier iepenje 'net helber, ek ûnderhâld nedich'

01 maaie 2020 - 11:27

It iepenloftswimbad Waadhoeke yn Menaam bliuwt dit jier sluten. Eigener Marco Hipke seit dat der troch it coronafirus te folle ûnwissigens is, mar it spilet ek mei dat der in soad ûnderhâld oan it swimbad nedich is. It bad dit jier noch iepenje is neffens him net helber: "Stel, we zouden het bad openstellen, dan zou dit pas halverwege het seizoen kunnen."

It swimbad yn Menaam - Foto: Facebook: Zwembad Waadhoeke

Dizze wike makke it bad op harren Facebook-side bekend dat it bad dit jier net iepenje sil. Oardel meter ôfstân hâlde yn it wetter soe net te dwaan wêze en it is noch hieltyd net dúdlik hoe't it firus op wetter reagearret. Hipke beklammet dat it coronafirus de wichtichste reden is, mar der moat ek noch hiel wat oan it bad barre om it te iepenjen.

Sa moatte der earst tûzenen euro's ynvestearre wurde om oan fernijde regels foar gloar- en soeropslach te foldwaan. "Daarna zouden we misschien maar een maand open kunnen. Dat is niet haalbaar", sa seit Hipke.

(advertinsje)
(advertinsje)