Man sabotearret blaastest en oertrêdet syn opleine rydferbod dyselde jûn

01 maaie 2020 - 11:25

In 65-jierrige man út gemeente Waadhoeke hat tongersdeitejûn in rydferbod krigen en dat dyselde jûn noch oertrêde. De man waard steande holden fanwege 'opvallend rijgedrag' en sabotearre doe in blaastest.

Foto: Shutterstock

De man, dy't mei syn 4-jierrige dochter yn de auto ried, waard dêrom oanholden en meinaam nei it buro. Dêr slagge in blaastest opnij net, dus waard in bloedproef ôfnaam. Ek krige de man in rydferbod fan 24 oeren en waard syn rydbewiis ynnaam.

Efkes letter waard de man sjoen doe't hy by Dronryp opnij yn de auto stapte mei syn dochter. Hy waard opnij steande holden, doe die út in blaastest bliken dat hy mear as twa kear de tasteane hoemannichte alkohol yn syn azem hie.

(advertinsje)
(advertinsje)