Ljouwerter (18) rydt fierstente hurd en rekket rydbewiis kwyt

01 maaie 2020 - 11:05

In 18-jierrige man fan Ljouwert is tongersdeitejûn syn bromfytsrydbewiis kwytrekke. Hy ried mear as tritich kilometer te hurd op in bromfyts dy't hy in dei earder krekt kocht hie.

Foto: Plysje

De man waard, mei twa oaren, sjoen op de Aldlânsdyk yn Ljouwert. Hy ried dêr 71 kilometer de oere, en waard steande holden. Doe die bliken dat de bromfyts opfierd wie en dat de bannen glêd wiene.

Ek ien fan de oare twa bestjoerders waard steande holden, dy hie gjin rydbewiis. De tredde bestjoerder naaide út.

(advertinsje)
(advertinsje)