Kollum: "Puppypraat"

01 maaie 2020 - 08:35

"Op it heden is de fraach nei hûnen grut omdat guon lockdowners wol nocht ha oan sa'n oepsywoepsypoepigepuppy mei wollich sêft hier. En in puppy is ek hiel oandwaanlik en leaf, mar ferjit net dat dy skattige en noflike pup hiel gau feroaret yn in brutale en ûndogenske puberhûn.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Dan komt it der echt op oan en in hûn hat ferskate puberperioades. De earste begjint rûn in moanne of seis en dat merkst gau genôch. Hy lûkt oan 'e riem en harket ynienen net mear. Of hy hat samar dyn moaiste skuon ferfretten en kinst it sa gek net betinke of dyn hûn hat it al betocht.

Ast de pup fan jongs ôf goed grutbrocht hast en er de basiskommando's kent, dan skeelt soks al in hiel ein. Want nei de puberteit komt it ferstân wol werom mar salang't er noch bananen yn 'e earen hat, kinst dy better mar op it slimste tariede. In puberhûn is hiel kreatyf en tinkt yn mooglikheden dy't foar de baas gauris de nedige problemen opsmite.

Us lobbes Timmy is no ien jier en fjouwer moanne. Hy naaide ynienen út doe't er in jier wie, wylst er dat earder net die as er los rûn. Mar op in dei die er de noas yn 'e loft, seach er in teefke yn 'e fierte en fuort wie er. Ik bin der mar achteroan gien, want hy kaam echt net werom. Ik ha him yn dyselde perioade kastrearje litten, dus syn seksdrive is ferdwûn, mar doe betocht er in kear dat it ek wol aardich is om achter fytsers oan te draven.

Nei dit akkefytsje hold ik it better yn 'e gaten en liet ik him wer los as de fytser in hiel ein fuort wie. Dat gong lang goed, oant er it op in sneintemiddei wer flikte. Ik koe roppe en raze wat ik woe, mar hy lústere wer net! De fytser seach ris achterom, Timmy draafde as in mâle achter him oan en dy earme man trape him in ûngelok! Mar it hie gjin sin want Timmy koe hurder. Lokkich stoppe de man úteinlik en hie er gau yn 'e gaten dat Timmy gjin kwea yn 't sin hie.

Dus doe't wy fan 'e wike it blok om runen en der in soad fytsers ûnderweis wiene, hie ik him it hiele ein oan 'e riem. Ik hie gjin nocht om wer achter him oan te draven en immen mei in trauma op te skypjen. Sa keutelen wy rêstich tusken it giele koalsied troch en it gong sa moai as wat. Doe't Timmy nei de sleatswâl gong, tocht ik dat er drinke woe want ik hie net sjoen dat der in kat oan 'e oare kant siet.

Doe't ik dy wol seach, lei Timmy al langút yn 'e dreksleat, wie ik de riem kwyt, klom er op 'e wâl ûnder de stroomtried troch en draafde er troch it, lokkich, lege lân achter de kat oan. Doe moast ik wer drave en in sleat fierder lei er yn ûnmacht yn 'e ûnderwâl. Ik ha him omheech lutsen mar siet dêrnei wol ûnder de blauwe drek en ik hie it smoar yn! It is fierder in geweldige leave hûn, mar op sokke mominten net en ek net as er in gat yn 'e tún graaft dêr't er sels yn past.

It is net foar neat dat puberhûnen gauris nei it asyl brocht wurde, dus wês der wis fan ast hjir nocht oan hast. In puppy keapje is de earste, mar ek de maklikste stap. Dêrnei komt it echte wurk mar asto aanst sels wer oan it wurk moatst, hoe komt it dan mei de hûn?"

(advertinsje)
(advertinsje)