Oprit N31 mear as in oere ôfsletten troch frachtwein dy't laadkraan ferliest

01 maaie 2020 - 09:04

De oprit fan de N31 by Drachten yn de rjochting fan Ljouwert hat freedtemoarn mear as in oere ôfsletten west. Dat kaam troch in ûngelok wêrtroch in frachtwein syn laadkraan ferlear. In kollega-trucker hat foar de berging fan de laadkraan soarge.

Foto: ProNews

Rykswettersteat en de provinsje hienen de oprit fanwegen de berging hielendal ôfsletten, sadat de situaasje feilich bleau. Ferkear moast omride, foar safier bekend hat de ôfsluting net foar lange files soarge.

Trefwurden: 
Drachten N31 ôfsluting oprit
(advertinsje)
(advertinsje)