Bestriding ikeprosesjerûpen yn Weststellingwerf alwer yn folle gong

01 maaie 2020 - 08:40

De ikeprosesjerûp komt der wer oan. Om foar te kommen dat minsken der somtiden wol twa wiken lang klachten fan ha, besykje gemeenten al hiel lang de bistjes op tiid tsjin te hâlden. Earst mei gemyske bestridingsmiddels, mar sûnt in pear jier wurde der miniskule lytse ieltsjes ynsetten. Ek yn de gemeente Weststellingwerf binne se drok dwaande mei de bestriding fan de rûp. "Het probleem is hier behoorlijk groot", seit Bert van Lubek fan de gemeente.

Dy ieltsjes wurde mei in floeistof yn de beammen spuite, wêrnei't se harren tegoed dogge oan de rûp. Dy behannelmetoade wurket allinne jûns en nachts, want oerdeis yn de sinne drûgje de ieltsjes te gau op en kinne se harren wurk net dwaan.

Weststellingwerf hat sûnt 2017 echt lêst fan de ikeprosesjerûp. "Het heeft denk ik wel met het klimaat te maken. We hebben echt wel veel preventieve maatregelen genomen, maar desondanks was er in 2019 in heel Nederland een enorme uitbraak van eikenprocessierupsen. Even ter vergelijking: we hebben in 2018 2.000 nesten geruimd en in 2019 8.000 nesten. Alleen al in Weststellingwerf", seit Van Lubek.

Bestriding fan ikeprosesjerûpen yn Wolvegea - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Neffens Van Lubek is it in utopy om te tinken dat we no hielendal fan de rûp ôfkomme. "Helemaal weg zou wel het mooiste zijn. Hij hoort hier eigenlijk niet en we hebben een hele boel andere mooie nachtvlinders", seit Van Lubek.

"We hopen dat we hem op den duur wat in kunnen perken. Met name met natuurlijke manieren, met biodiversiteit. Dat we bloembollen planten, dat we meer bloemen in de bermen krijgen. Dat trekt sluipwespen en sluipvliegen aan. Op die manier kunnen we op een natuurlijke wijze de eikenprocessierups bestrijden", sa seit Van Lubek.

Vlinderstichting

Net elkenien fynt it bestride fan de rûp mei ieltsjes in goed idee. Neffens de Vlinderstichting is dizze biologyske wize fan bestriding hielendal net sa posityf as it liket. "Deze middelen doden ook de rupsen van ruim honderd soorten onschadelijke nachtvlinders, die op hun beurt weer een belangrijke voedselbron zijn voor vogels", seit de stichting. De stichting ropt gemeenten derom op allinnich gebrûk te meitsjen fan dizze metoade as it echt net oars kin.

Ferslachjouwer Willem de Vries seach by de bestriding fan de rûp yn Weststellingwerf

(advertinsje)
(advertinsje)