Fysioterapeuten meie wer los, mits se foldogge oan stappeplan en protokol

01 maaie 2020 - 17:57

Fysioterapeuten yn it hiele lân kinne stap foar stap wer los mei it wurk, mits se har hâlde oan ferskate maatregels. Dêr jouwe it RIVM en it ministearje fan Folkssûnens tastimming foar. De measte praktiken wiene de ôfrûne wiken ticht yn ferbân mei it coronafirus en diene allinnich de needsaaklike behannelingen of behannelingen troch te fideobeljen. Mar no mei de praktyk dus wer iepen.

"Wy binne al seis wiken oan it wrakseljen mei hoe't wy soarch jaan kinne yn de oardelmeterekonomy. Oan de iene kant binne wy in kontaktberop en dy binne ferbean, mar om't wy medysk needsaaklike soarch leverje, is it eins ferplicht dat we oan it wurk gean", fertelt fysioterapeut Jelle Eijzenga fan de Friese Coöperatie Fysiotherapie.

De ôfrûne wiken binne der in stappeplan en in protokol makke dêr't praktiken oan foldaan moatte as se wer iepen wolle. "Mei it stappeplan moatte we útfine hokker pasjinten wol en net yn de praktyk komme meie. Minsken dy't fertocht binne op corona en dy't yn riskogroepen sitte, moatte we derút filterje." Yn risikogroepen falle minsken mei hertfalen, diabetes en slim oergewicht. Eijzenga: "Dy moatte noch efkes wachtsje."

Protokol

Yn it protokol stean alle hygiënefoarskriften. "Sadree't in pasjint him by ús meldt en wy fia it stappeplan fêststeld ha dat dy delkomme kin, krijt dy fan ús fia de mail in protokol mei hygiënefoarskriften dêr't hy en wy oan foldwaan moatte." Dêrby kin it neffens Eijzenga gean om mûlkapkes en moffen.

Dêrneist binne der yn de praktyk rinrûtes makke en yn de wachtkeamer stean de stuollen oardel meter út elkoar. "We wurkje yn de praktyk mei fjouwer minsken, mar we soargje derfoar dat twa terapeuten om 8.00 oere begjinne en twa om 8.15 oere, sadat der nea mear as twa minsken tagelyk de praktyk binnenkomme."

Fysioterapeut Jelle Eijzenga fertelt hoe't se de soarch no ynrjochte ha

De Friese Coöperatie Fysiotherapie hat ferskate dependânsen, ûnder oare yn in fersoargingshûs en in húsdokterspraktyk. Dy meie lykwols noch net iepen. "Om't dêr de kâns grut is dat der minsken komme dy't coronabesmet binne, dogge we dy noch net iepen."

Soad oanrin

Eijzenga ferwachtet dat der de kommende wiken in soad oanrin wêze sil yn de praktyk: "Foaral ek omdat de gewoane soarch yn de sikehûzen wer begjint. Dêr komme foar ús behannelings achterwei. It iennige dat we no misse, binne minsken mei sportblessueres. Mar der binne ek in soad minsken mei eangst en stress, dus it soe mar sa kinne dat in soad minsken mei rêch- en nekkeklachten wer nei de fysioterapeut wolle. As dat medysk needsaaklik is, mei dat wer."

Regeldruk wurdt fysiotherapeuten te folle - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)