Frou Jellema (91) waard better nei't se besmet wie mei it coronafirus

It mei gerêst 'it wûnder fan Gau' hjitte dat frou Sijtske Jellema op 21 april 91 kearskes útblaze koe. Sy waard besmet mei it coronafirus en de húsdokter seach dat it hurd efterút gie mei har. Dochs knapte har lichem wer op, mei neffens har famylje tank oan 'astronaute-iten'.
Frou Jellema werstelde fan it coronafirus
It wie ein maart doe't soan Menno Jellema fluch werom komme moast út Dútslân, dêr't hy wennet. It gie net goed mei syn mem. De thússoarch wurdt derby helle en dy skeakelje de húsdokter yn. Sijtske Jellema wurdt posityf test op it coronafirus. "Doe skrokken wy bot", seit har soan.
De húsdokter wol dat se in dreech beslút nimme: of sy giet rap nei in sikehûs en se kinne har mooglik net wer sjen of sy bliuwt thús en har sûnens kin dêrtroch hurd efterút gean. It wurdt it lêste. Earst wurde de klachten slimmer en fertelt de húsdokter dat se der rekken mei hâlde moatte dat Sijtske komt te ferstjerren.
Sijtske Jellema (91) werstelde fan it coronafirus © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Mar sy liket krekt wer op te knappen. "Wy joegen har astronaute-iten, fan dat floeibere guod. Al fluch knapte se wat op en gie it hieltyd wat better," seit har man Siemen Jellema.
En alle dagen waard frou Jellema wer wat better. Se koe op tiisdei 21 april sels har 91e jierdei fiere mei wat har famylje, want de húsdokter fertelde har dat se wer sûn wie. "It giet no prima," seit de warbere frou sels. "Ik haw de tún wol wat mist."
Sijtske Jellema (91) mei har soan Menno en har man Siemen Jellema © Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Wûnder

Dat se sa 'gau' opknapt is, neamt soan Menno in wûnder. "Echt in unikum. Wy binne alle trije no wer better. Dêrfoar binne wy de Hear hiel bot tankber, dat wy hjir noch stean en ús heit en mem noch by-inoar wêze meie.
Neffens Jellema is it hast ûnmooglik dat syn heit en mem yn it doarp Gau besmet binne mei it firus. "Ik tink dat it fan my komt, ik reizgje in soad. Dan fiel ik my wol skuldich ja, mar je kinne it ek net oan de holle sjen oft ien besmet is, hin."