Coronanijs 1 maaie: Gjin nije stjergefallen yn Fryslân, 20 minsken op de IC's

01 maaie 2020 - 22:30

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Yn Fryslân binne oant no ta yn totaal 62 minsken ferstoarn oan it coronafirus, en 512 minsken binne posityf test;
  • Der lizze 42 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen (20 op de intensive care's en 22 op oare ôfdielingen);
  • NHL Stenden ferwachtet dat de coronakrisis de hegeskoalle sa'n fiif miljoen euro kostje sil;
  • Fryske gemeenten hawwe te krijen mei grutte finansjele problemen troch corona;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier;
  • Sjoch op de kaart de aktuele situaasje yn dyn gemeente.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:30
Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan freed 1 maaie 2020. Sneontemoarn om 07.00 oere binne wy der wer mei in farsk liveblog. Dit wie it wichtichste nijs fan freed:

  • Net trijekwart, mar in kwart fan de coronapasjinten wennet yn fersoargingshuzen;
  • GGD: Gjin nije coronastjergefallen, twa nije positive tests;
  • Ferpleechkundigen binne wurch, se fiele druk en se fiele har ûnwis, as gefolch fan de coronakrisis;
  • Corona liket hurder ta te slaan yn gebieten dêr't yntinsive feehâlderij plakfynt.

Elkenien tank foar it folgjen en graach wer oant sneon!

22:13
Boeten foar yllegaal feest yn Sint-Anne

De plysje hat freedtejûn in yllegaal feest yn Sint-Anne in halt taroppen. Hoefolle minsken dêr krekt oanwêzich wiene, is net dúdlik. De persoanen hawwe fan de plysje in boete krigen.

Foto: Plysje Fryslân
21:51
Yntinsive feehâlderij soarget mooglik foar mear coronagefallen

Corona liket hurder ta te slaan yn gebieten dêr't yntinsive feehâlderij plakfynt. Der binne sterke oanwizingen dat de luchtkwaliteit yn relaasje ta it coronafirus in grutte rol spilet. "Er zijn enkele onderzoeken gepubliceerd waarin dat word aangegeven. In Brabant waar een hoge veedichtheid is, met veel fijnstof in de lucht, zien we dat meer mensen ziek worden door corona en ook ernstiger ziek worden", sa seit Everhard Hofstra fan GGD Fryslân. Dat betsjut net perfoarst dat der in ferbân is. "Maar er lijkt wel een duidelijke verhouding te zijn tussen veehouderij, luchtkwaliteit en het aantal zieken."

Hinnen - Foto: Shutterstock.com
21:07
"Reizgers mei oardel meter ôfstân ferfiere is net te dwaan"

It Nederlânske iepenbier ferfier komt yn 'e problemen as de coronamaatregels stadichoan loslitten wurde. As der wer mear minsken op paad meie, sil it net te dwaan wêze om reizgers mei oardel meter ôfstân te ferfieren. Ek sille de finansjele tekoarten by de ferfierders noch fierder oprinne, sa skriuwt it Nationaal Openbaar Vervoer Beraad (NOVB) yn in brânbrief oan steatssekretaris Van Veldhoven.

20:35
Hans Anker: 'Hâld mear sittingen, ek as dat op jûntiid of wykeins moat'

Strafpleiter Hans Anker wol dat der wer mear sittingen behannele wurde. Der hat er yn syn rol as stêfhâlder fan de Vereniging van advocaten in Friesland op oantrune yn in brief. De Fryske advokaten tinke - nettsjinsteande it coronafirus - dat der mear saken ynhâldlik behannele wurde kinne. En dat soe ek wykeins of op jûntiid kinne.

Hans Anker - Foto: ANP
19:50
Fideodeiboek: "Dat iemand na weken weer zelfstandig ademhaalt en kan praten, echt waanzinnig"

It momint dat in pasjint wer fan de beäzeming ôf mei is hiel bysûnder, fertelt ferpleechkundige Lo Keers fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. De pasjint kin einlik wer prate en pas op dat momint kin Lo har pasjinten kinnen learje.

Foto: Omrop Fryslân
18:46
Staazjerinners ha mooglik fertraging troch corona

Minsken dy't staazje rinne moatte yn it MBO en it HBO rinne mooglik stúdzjefertraging op troch it coronafirus. It giet benammen om de staazjes dy't hielendal oan de ein fan in stúdzje sitte, dy't foar problemen soargje. By hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert hawwe se foar alle opliedings yn kaart brocht hoe grut de problemen binne en der blike grutte ferskillen te wêzen tusken de ferskillende stúdzjerjochtingen.

17:51
Net trijekwart, mar in kwart fan de coronapasjinten wennet yn fersoargingshuzen

In kwart fan de Friezen dy't posityf test is op it coronafirus, wennet yn in ferpleech- of fersoargingshûs. Earder freed melde GGD Fryslân noch dat it om trijekwart fan de gefallen gie. Fan de 512 positive tests yn Fryslân, binne 138 konstatearre by bewenners fan in ferpleech- of fersoargingshûs. It giet dan om âlderein en handikepten dy't op dy lokaasjes fersoarge wurde. Ek de meiwurkers meitsje in grut part út fan alle coronagefallen. In oar kwart fan de totale oantallen positive tests binne meiwurkers fan sokke tehûzen.

Foto: Shutterstock
Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)