Koade giel foar Fryslân: KNMI warskôget foar tongerbuien en hurde wyn

30 apr 2020 - 21:55

It KNMI hat tongersdei foar it noarden en easten fan it lân koade giel ôfjûn, dat jildt ek foar Fryslân. Foar ús provinsje is tusken 22.00 en 01.00 oere in warskôging fan krêft foar tongerbuien mei hagel. De buien lûke nei it noardeasten.

Foto: Omrop Fryslân

It kin mooglik om swiere wynstjitten fan 60-70 km/oere gean. Der is ek kâns op tonger. Neffens it KNMI kin it ferkear der lêst fan krije en de ynstânsje warskôget om net it iepen wetter of in iepen gebiet yn te gean.

Trefwurden: 
koade giel KNMI tongerbuien
(advertinsje)
(advertinsje)