Harkemase Boys freget promoasje nei twadde difyzje oan

30 apr 2020 - 21:27

Harkemase Boys hat by de KNVB promoasje oanfrege nei de twadde difyzje. De Harkiten stiene op it tredde plak yn de tredde difyzje, doe't de kompetysje troch it coronafirus ôfbrutsen waard. Dêrnei fertelde de KNVB dat gjinien promovearje of degradearje soe, mar dat klups altyd oerpleatsing freegje kinne nei in nivo heger of leger.

Foto: www.orange-pictures.nl

Reden dat Harkemase Boys promoasje oanfreget is dat affysjes yn de twadde difyzje oantrekliker binne. "Yn de tredde difyzje hiene we noch wol ONS, mar dy wolle no degradearje", seit foarsitter Sippe Heeringa. "Wat bliuwt der dan oer? Klups as Hoek en GOES. Wylst je yn de twadde difyzje spylje tsjin bygelyks IJsselmeervogels, Spakenburg, HHC Hardenberg en Quick Boys."

Oft it fersyk fan Harkemase Boys honorearre wurdt, dat wit Heeringa net. "Mar al is dy kâns mar 1 prosint, dan noch fine wy dat we derfoar gean moatte. As klup binne we der klear foar: de seleksje, trainingsstêf en de akkommodaasje binne allegear op nivo."

Foarsitter Sippe Heeringa oer de oanfraag

(advertinsje)
(advertinsje)