Kringloop Grou giet wer iepen: op ôfspraak en mar ien oere de kear

30 apr 2020 - 21:14

De kringloopwinkel yn Grou giet wer in bytsje iepen. De saak hat sân wiken ticht sitten en krijt hieltyd mear fragen fan minsken oer wannear't se wer winkelje meie. Besikers kinne tenei op de webside reservearje en meie dan in oere winkelje, mei tsien minsken tagelyk. Sy moatte har dan wol oan de coronamaatregels hâlde.

De kringloop yn Grou - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Koördinator Renny Ausma fan de kringloop seit dat der drok wurke is. "Wy hawwe sân wiken ticht west, mar wy wiene wol dwaande. Mei it opromjen fan de souders, mei skilderjen, der is in lift kaam. Ik moat earlik sizze dat soe't it sletten wie, ik ek wat oandien wie."

Rûte troch de kringloop

De frijwilligers meitsje alles yn oarder foar de iepening. Ausma: "Op 6 maaie kin der ynbrocht wurde en 12 maaie giet de winkel iepen. Mar wol beheind. Wy moatte der wol in soad foar dwaan. Wy hawwe ek sjoen nei oare kringlopen. Dêr wie in beheind tal minsken foar it oere, dat wurke goet. Dus dat hawwe wy úttocht, der moat wol oardel meter hâlden wurde. Der is in rûte betocht mei genôch romte tusken de stellingen. Mar it kin wol en it giet toch."

De kringloop neamt it sels 'Personal Shopping.' Dat kin op tiisdei, tongersdei, freed en sneon. Eltse persoan dy't in reservearring dien hat, krijt 10 regels tastjoerd om te tinken oan de feiligens foar eltsenien.

Ferslachjouwer Willem de Vries by de kringloop yn Grou

Trefwurden: 
Grou kringloop coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)