Frustraasje om taname fernielingen yn natuergebieten

30 apr 2020 - 22:40

"In één woord: frustrerend!" Natuerorganisaasjes sjogge de lêste wike in dúdlike taname fan fernielingen yn de Fryske natuergebieten. Ta grutte frustraasje fan de boskwachters dus. "De verveling van het thuiszitten tijdens de coronacrisis slaat toe", seit Manon van Wesel fan Steatsboskbehear Súdeast-Fryslân.

De fernielde fûgelsjochhutte yn De Deelen - Foto: Manon van Wesel

"We zien de laatste weken veel meer vernielingen", seit Van Wesel. "Borden, panelen, vogelkijkhutten, alles wordt vernield. Ook in het Speelbos Sparjebird, daar zijn twee houten beelden tegen de grond gewerkt. In een speelbos voor kinderen!"

Steatsboskbehear set ekstra tafersjoch yn, mar de fernielingen hâlde oan. "We hebben meer mensen in het veld. Onze boa's ook op momenten waarop je hopelijk daders kunt betrappen, zoals 's avonds en in het weekend." Dat smyt oant no ta noch net genôch op. "Een paaltje uit de grond trekken is zomaar gedaan, dan moet je maar net in de buurt zijn om mensen te kunnen betrappen. En het zijn grote gebieden."

Hiele beammen omseage

Van Wesel fertelt dat sels hiele beammen omseage wurde om dêr blokhutten fan te meitsjen. "Een hutje van een kind vinden we niet zo erg, maar dit kan echt niet."

Trije wiken lyn sleat Steatsboskbehear fûgelsjochhutten ôf, as maatregel tsjin fersprieding fan it coronafirus. Yn natuergebiet De Deelen bygelyks. Mar in dei letter wiene der planken út de hutte lutsen om sa dochs in iepening te meitsjen.

"Veel meer dan toezicht houden kunnen we denk ik niet doen", seit Van Wesel. "We hebben hier geen camera's hangen, zoals in sommige steden."

Himpbakken by De Leien

It probleem fan fernielingen is tige aktueel. Boskwachter Gjerryt Hoekstra yn Noard-Fryslân hat tongersdeitejûn noch witte litten dat er 30 plestik bakken foar it kweken fan himp fûn hat yn it natuergebiet om de De Leien hinne. "Soms voel je je meer puinruimer dan boswachter," sa skriuwt Hoekstra.

Boskwachter Manon van Wesel oer de fernielings

(advertinsje)
(advertinsje)