Antoinette de Jong mei wer traine yn Thialf: sy is better taret as ea tefoaren

Nederlânske topsporters kinne fan tongersdei ôf wer gebrûk meitsje fan ferskate trainingssintra, as sy mar wol de rjochtlinen fan it RIVM folgje. Under oare it turnsintrum op It Hearrenfean en reedrydstadion Thialf binne wer iepen foar topsporters. En dêr is reedrydster Antoinette de Jong tige wiis mei.
Antoinette de Jong © ANP
"Wy binne it wend om dêr krêfttraining te dwaan mei-inoar en no is it behelpe. Ik haw wol in soarte krêfttrainingsplak thús, mar je wolle wer echt begjinne. Wy sitte no yn de twadde wike fan it seizoen. Ferline wike hawwe wy al fytst. Mar je wolle it dwaan sa't it altyd is, dus it is fantastysk dat Thialf no wer iepen is," seit Antoinette de Jong.
De Jong: "Foar ús is de krêfttraining wichtich, mar foar turners noch mear. It iis komt der takom moanne pas yn foar ús, tink ik. As it de goeie kant op giet kinne wy hooplik wer op it simmeriis. Dêr steane wy dan wer op oant maart, dus it is earst ek wol noflik om de druk der wer ôf te heljen en lekker te fytsen."

Fakânsje

De Jong soe eins op fakânsje nei Curaçao. "Mar troch corona giet dat net troch. Je sitte hieltyd thús, mar dêrtroch begjin ik eins better oan it seizoen as ea earder. Je ferfele je dochs thús, dus je dogge wol wat. En dan takom jier mar nei Curaçao. It is wol spitich, ik wie wol ta oan fakânsje nei in drok seizoen. Mar it is net oars, der binne oare dingen wichtiger."
Antoinette de Jong