Gemeente Waadhoeke hâldt goed twa miljoen euro oer

30 apr 2020 - 18:43

De gemeente Waadhoeke hat ferline jier goed twa miljoen euro oerhâlden. De tafaller komt ûnder oare trochdat de gemeente minder jild kwyt wie oan soarch en wolwêzen. Der bleau ek jild oer by de post ûnfoarsjoene útjeften.

It gemeentehûs fan Waadhoeke - Foto: Google Street View

Boargemaster en wethâlders fan Waadhoeke wolle fan it jild goed oardel miljoen stekke yn ûnderhâldsfoarsjennings. De trije ton dy't oerbliuwt, soe nei de algemiene reserven moatte. Dy komme dêrmei op fyftjin miljoen euro; de ûndergrins dy't de gemeenteried fêststeld hat.

De ried sil by de riedsgearkomste op 28 maaie in beslút nimme oer de finansjele stikken fan 2019.

Trefwurden: 
Waadhoeke finânsjes
(Advertinsje)
(Advertinsje)