Bestjoerder sikehûs Snits: "Komt weer wat leven in het ziekenhuis"

30 apr 2020 - 18:06

It liket derop dat de druk op de sikehuzen noch alle dagen ôfnimt. It tal coronapasjinten op de intensive care is tongersdei wer leger as in dei earder, sa meldt it RIVM. Dat betsjut foar it Antonius sikehûs yn Snits dat se de normale soarch stadichoan wer wat oppakke kinne.

It Antonius Sikehûs yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

It is de bedoeling dat healwei maaie it oantal operaasjes wer omheech giet. Utsein ien operaasjekeamer foar akute gefallen binne der op dit stuit twa OK's iepen. Dat wurde der aanst fjouwer, mar gewoanwei wiene dat der seis.

Neffens bestjoerder Sandra Timmermans fan it Antonius sikehûs yn Snits wiene it nuvere dagen de ôfrûne wiken. "In het ziekenhuis is het de afgelopen weken heel raar stil geweest voor ons. Een beetje beklemmend zelfs. Alles wat niet noodzakelijk was, hebben we een paar weken geleden stilgelegd."

Utstelde soarch foarsichtich opstart

Sûnt in wike wurdt no stapke foar stapke wer begûn mei de útstelde soarch. "Er komt weer wat leven in het ziekenhuis", neffens Timmermans.

No't de druk stadichoan wat ôfnimt, sjocht de bestjoerder werom op drokke wiken foar it personiel fan it Antonius sikehûs. Mar sa't it yn Brabân wie, sa hat it hjir nea west. "Zelfs toen het op zijn drukst was hier, hebben wij nog wat vrije bedden gehad. Dus we konden altijd bijspringen."

Beskermingsmiddelen

Wol wie en is it bytiden noch spannend oft der wol genôch beskermingsmiddelen binne. "We zien dat er nu wel weer mondmaskers worden gemaakt en dat de aanvoer uit het buitenland weer op gang komt. Maar het is soms wel heel spannend geweest", befêstiget Timmermans.

Bestjoerder Sandra Timmermans fan it Antonius sikehûs yn Snits

Ek sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten makket wer in begjin mei de planbere reguliere soarch. It opstarten fan dy planbere soarch bart foarsichtich en beheind. Dat is omdat Nij Smellinghe klearstean bliuwt foar it leverjen fan soarch, as it tal coronapasjinten wer tanimt.

Alle polikliniken en ôfdielingen besjogge sels wat no wer kin. Dat bart oan de hân fan lanlike rjochtlinen. Dêrnjonken begjint Nij Smellinghe wer mei koarte behannelingen dy't net in soad ynfloed hawwe op de ferpleechôfdielingen of de intensive care.

(advertinsje)
(advertinsje)