Greidefûgelboer Marten de Jong fan Baaium suksesfol mei behear

Boer Marten de Jong fan Baaium hat syn wurksemheden op it lân oanpast oan de behoeften fan de greidefûgels. En mei sukses: it tal briedpearen nimt ta en de briedresultaten binne goed.
Marten de Jong fan Baaium is in foarbyldboer
In greidefûgelboer dy't net klaget oer te min subsydzje, mar troch in fernimstich greidebehear ta prima bedriuwsresultaten komt. It is Marten de Jong fan Baaium slagge. Troch de blommen en krûden yn syn greide krije de 175 kij net allinnich mear wjerstân en binne se sûner, mar sy jouwe ek molke fan bettere kwaliteit.
Dêrnjonken wol De Jong mei de oanlis fan saneamde 'plasdras'-gebieten de populaasje fan de greidefûgels ferbetterje. De pompen dy't hjirfoar needsaaklik binne koene kocht wurde mei finansjele stipe fan suvelprodusint Weide Weelde, wêroan't de boer syn molke leveret. Gearwurking wurdt troch De Jong mei haadletters skreaun.

Foarbyldboer

Hy wie de earste agraryske ûndernimmer yn de regio dy't him talein hat op yntinsyf greidefûgelbehear, mar hat yntusken in foarbyldfunksje. Dêrom dat De Jong plannen hat foar de bou fan in loads mei ûntfangstromte foar gasten. Oare minsken sjen litte wêr't hy krekt mei dwaande is jout De Jong enerzjy en betrouwen yn de takomst.
Ferslachjouwer Freark Wijma by Marten de Jong