Omrop Fryslân Tsjil: nije app mei Fryske filmkes foar bern

30 apr 2020 - 17:07

Omrop Fryslân komt mei in nije app spesjaal foar bern: Omrop Fryslân Tsjil. Bern kinne dêrmei yn in feilige omjouwing Fryske filmkes besjen dy't foar harren leeftiid geskikt binne. Omrop Fryslân hat de app ûntwikkele omdat bern en jongeren hieltyd faker programma's en filmkes besjogge fia apps en social media.

Ut ûndersyk ûnder bern, dat Omrop Fryslân yn 2018 útfiere litten hat, kaam nei foaren dat hast de helte fan de Fryske bern ek graach bûten de skoalle om nei Frysktalige filmkes sjen wol. Op basis dêrfan hat Omrop Fryslân de nije Omrop Fryslân Tsjil app ûntwikkele, mei stipe fan de provinsje Fryslân.

Bern fan 2 oant en mei 12 jier kinne mei de app yn in feilige omjouwing Fryske filmkes besjen. De programma's wurde op leeftiid oanbean; bern krije allinne de filmkes te sjen dy't foar harren leeftiid geskikt binne. De app is te downloaden yn de App store en de Google Play Store.

"Oanpasse oan de bern"

Einredakteur Janjelle Ringnalda fan Omrop Fryslân fertelt: "Wy seagen eartiids noch nei skoaltelefyzje. Dat barde op skoalle, mar dat dogge de bern tsjintwurdich eins net mear. Se sjogge fia apps op 'e tablet of de mobile telefoan. Dus wy moatte ús dêr ek op oanpasse."

Doel is om bern dus ek thús te berikken, en net allinne fia skoallen. Dêrnjonken is ek it aspekt fan de Fryske taal wichtich. "It Frysk stiet ûnder druk. Mar je sjogge dat bern dêr bêst wol ynteresse yn hawwe, as je dat op in goeie wize bringe", neffens Ringnalda.

Omrop Fryslân lansearret Omrop Fryslân Tsjil ek fuort as de nije namme foar it brede palet oan programma's foar bern en jongeren fan 2 oant 15 jier. Fan Kening Hert & Harry Hazze oant WitWat en Jennifer to the Max.

Trefwurden: 
bern app Omrop Fryslân Tsjil
(advertinsje)
(advertinsje)