Drachtster jongerein makket ferhalepakketjes út de oarloch

30 apr 2020 - 16:50

Gjin foarstelling yn it ramt fan deadebetinking dit jier yn De Lawei, mar pakketjes mei ferhalen. It binne ferhalen fan Drachtsters dy't de oarloch meimakke hawwe, sammele troch jongerein. De 14-jierrige Oane Marten van der Veen is ien fan de dielnimmers. Hy is keppele oan de 90-jierrige frou Wattimena, dy't de oarloch út Yndonesië wei meimakke hat en letter ek noch de Yndonesyske Unôfhinklikheidsoarloch.

Yn totaal hawwe der acht 'coronafeilige' moetings west tusken jongerein en âlderein, dy't ferskate ferhalen opsmiten hawwe. It is net ferwurke yn in teäterfoarstelling, sa't earst de bedoeling wie, mar der is wat oars betocht: "Deze acht ontmoetingen zijn in pakketjes gestopt, waardoor je de ontmoeting thuis kunt uitpakken en ze mee kunt beleven", fertelt Lisa Groot Haar, regisseur. It giet om ferhalen op papier en foarwerpen. Ek binne der filmkes makke dy't online te sjen binne.

Yndonesyske Unôfhinklikheidsoarloch

Oane Marten van der Veen docht eltse wike boadskippen foar frou Wattimena, dy't no hast net de doar útkomt fanwege it coronafirus. Yntusken hawwe se in soad mei elkoar bepraat. "Ik wist hielendal neat fan de Yndonesyske Unôfhinklikheidsoarloch, no wol", sa fertelt hy. De measte yndruk makke it leafdesferhaal fan frou Wattimena en har man, want hy wie Moluksk en sy Yndonesysk boarger. "It is in soarte fan Romeo-en-Julia-ferhaal, fan twa leafsten dy't net by elkoar wêze meie. Dit is gelokkich wol goed ôfrûn."

Theater Na de Dam

It projekt makket diel út fan Theater Na de Dam. Sa'n 500 jongeren út it hiele lân dogge mei. Der soene fjirtich foarstellings makke wurde, mar dat kin dit jier net. De Drachtster jongerein hat thús oan it wurk west. Allinnich by it ynpakken fan de pakketjes kamen se by elkoar yn De Lawei, op feilige ôfstân.

De pakketsjes wurde op 4 maaie útdield. Minsken moatte har wol yn it foar oanmelde. Dat kin oant en mei 2 maaie fia theaternadedam@lawei.nl.

Oane Marten van der Veen oer de ferhalepakketsjes

(advertinsje)
(advertinsje)