Coronakrisis kostet hegeskoalle NHL Stenden fiif miljoen euro

30 apr 2020 - 16:40

NHL Stenden ferwachtet dat de coronakrisis de hegeskoalle sa'n fiif miljoen euro kostje sil. Yn dat bedrach wurdt rekken hâlden mei in legere ynstream fan nije en bûtenlânske studinten en ek it fuortfallen fan ynkomsten út ûndersyk. Foarsitter Erica Schaper fan it kolleezje fan bestjoer ferwachtet dat NHL Stenden de kommende tiid goed nei de kosten sjen moat.

It kolleezje fan bestjoer fan de hegeskoalle hat in oantal senario's trochrekkenje litten. Schaper: "Het is voor een groot deel koffiedik kijken. We kunnen wel zien dat veel onderzoek in opdracht gestopt is, projecten die niet doorgaan. Die geldstromen missen we. Plus dat er een lagere instroom gaat zijn." Dochs pleatst se al in kanttekening: "Wat wij hebben valt in het niet bij andere sectoren zoals de horeca en het toerisme. Daar gaan de inkomsten in één keer naar nul."

Ferlies te dragen

De ferwachting is dat NHL Stenden it ferlies drage kin. Ienfâldich wurdt dat net, seit Erica Schaper: "We kunnen wel wat hebben, maar we zijn niet een hogeschool met dikke bankrekeningen. Het gaat iets vragen van de organisatie. We zullen zuinig aan moeten doen en naar de kosten moeten kijken."

Der is konstant oerlis mei alle belutsen partijen. Sa wolle de hegeskoallen en universiteiten mei-inoar oparbeidzje om te sjen oft se kompensearre wurde kinne foar it fuortfallen fan it ûndersyk en de ferwachte legere ynstream fan studinten.

It ûnderwiis op ôfstân rint goed, seit Schaper. It slagget de dosinten reedlik goed fia ynternet kontakt te hâlden mei studinten en sa ek kolleezje te jaan. Dochs hat se al noed oer de studinten: "We merken dat ze zitten met financiële problemen, dat ze betalingsachterstanden krijgen. Veel zijn hen zijn bijbanen in de horeca kwijt. Het jammere is dat wij ze als hogeschool niet kunnen helpen. Het gaat al heel snel om hele grote bedragen."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It is al ien fan de saken dy't Schaper en har oare kollega's fan oare universiteiten en hegeskoallen hieltyd oankaarte by it ministearje fan Underwiis. "Maar ook hier in het Noorden bij de Economic board Noord-Nederland, bij VNO-NCW. Ondernemers kunnen best wel iets met studenten die ze in dienst hadden. Maar we praten er ook over met de gemeente Leeuwarden. Om te kijken of zij iets kunnen doen."

Der wurdt ek hurd wurke oan plannen foar de weriepening. De ferwachting is no dat it kabinet op 13 maaie bekend meitsje sil dat der yn lytse groepkes op hegeskoallen wer wat mooglik is. "Het zou dan gaan om 10 tot 15 procent van onze studenten. We kijken dan eerst naar bijvoorbeeld studies waar interactie echt nodig is. Of onderzoek in een laboratorium. Wat duidelijk is nu is dat we toegaan op een soort hybride vorm: deels fysiek, deels online", seit Schaper.

Nei de simmerfakânsje is nei alle gedachten mear mooglik. "Maar niet iedereen. We denken aan shifts. Twee tot drie op een dag. Dus de college's uitspreiden over de dag zodat je niet iedereen tegelijk binnen hebt."

Logistike fragen

Der is ek in logistyk fraachstik dat oplost wurde moat. De studinten reizgje mei it iepenbier ferfier. Schaper: "Op Terschelling is dat probleem met 400 studenten anders dan in Leeuwarden. Daar heb je het over twaalfduizend studenten die komen. Dat soort aantallen staat gelijk aan een groot evenement. Binnen de gebouwen moet je dan denken aan gescheiden looprichtingen."

Der sil goed rekken hâlden wurde mei de oankommend earstejiers. "Contact is juist dan heel erg belangrijk. Dit is wel een vraagstuk dat vraagt om goede oplossingen. Daar werken we hard aan."

Alle lessen dy't no leard wurde, wurde meinommen nei takom jier. Sa kinne in soad kolleezjes maklik online jûn wurde. "Die kennis die we daar hebben opgedaan kunnen we blijvend benutten."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma

(advertinsje)
(advertinsje)