Gemeenten yn swier waar: "Finansjele kontrôle provinsje driget ek yn Fryslân"

30 apr 2020 - 16:39

De coronakrisis soarget foar grutte finansjele problemen by in soad Nederlânske gemeenten. By mear as in tredde stiet it wetter oan de lippen. Gemeenten moatte ûndernimmers helpe yn dizze tiid, mar dat is dreech no't se sels ek yn swier waar sitte. "Foar in soad gemeenten driget de artikel 12-status, dan komme je ûnder kontrôle fan de provinsje. En ik bin bang dat dat ek yn Fryslân bart," seit Maarten Offinga, dy't kommisjelid by de Vereniging Nederlandse Gemeenten is.

Foto: Vereniging Nederlandse Gemeenten

Offinga is njonken wethâlder yn Súdwest-Fryslân ek kommisjelid Finânsjes by de VNG. Hy wit dus in soad fan de saak ôf. "Ferline wike hiene wy in petear mei de kommisje Finânsjes, dêryn haw ik frege hoe't it liket. En je hearre it oeral, yn safolle gemeenten giet it min. Der binne sels gemeenten mei likwiditeitsproblemen en dus net iens jild hawwe om bepaalde dingen te beteljen."

Toeristen en parkearjild bliuwe út

Hy kin dúdlik útlizze hoe't de finansjele swierrichheden ûntstien binne. Offinga: "In moai simpel foarbyld: wy krije yn de gemeente Súdwest-Fryslân hiel wat toeristen oer de flier. Faak smyt dat oan toeristebelêsting sa'n 2,5 miljoen op. Mar as de helte fan de toeristen net mear komst, dan is der sa in gat fan 1,2-1,3 miljoen euro yn de begrutting. Gemeenten dy't in soad parkearynkomsten hawwe, dat falt ek allegearre fuort. It giet om miljoenen en it wurdt net kompensearre troch it Ryk. Dus al dy gemeenten komme yn swier waar."

Snije yn begrutting

Ynwenners fernimme it earst noch net. Mar as gemeenten in soad ynkomsten net mear krije, dan moatte sy snije yn eigen begrutting. "Dan moat der in foarsjenning sletten wurde, of oare maatregels nommen wurde. De gemeente moat it op termyn betelje en ferrekkent it op de boargers of der wurde guon saken net mear dien. Dus wy wachtsje echt op help fan it Ryk."

Maarten Offinga, kommisjelid Finânsjes by de Vereniging Nederlandse Gemeenten

De Wetterpoarte yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(advertinsje)
(advertinsje)