Sybrandy's Speelpark hat ek lêste fergunning binnen

Sybrandy's Speelpark op de Hege Gerzen yn Aldemirdum hat ek de lêste fergunning binnen. It park wachte noch op grien ljocht fan Wetterskip Fryslân oer de bou fan in loftfyts.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
It Wetterskip moast in oardiel jaan omdat de loftfyts pleatst wurdt by in primêre kearing. De attraksje is de skeakel tusken it boarters- en it natuerdiel fan it park. De loftfyts wurdt sa'n seis meter heech.
Undernimmer Sjerp Jaarsma hope yn maart noch dat syn park ein maaie iepen gean koe. Fanwegen de coronakrisis sil dat nei alle gedachten net slagje. Wannear't it park wol iepen kin, is noch net dúdlik.
Sjerp Jaarsma fan Sybrandy's