Skrieze-ûndersyk fan Piersma en Hooijmeijer kin wer 5 jier foarút mei subsydzje

It skrieze-ûndersyk fan Rijksuniversiteit Groningen kin wer fiif jier foarút, dat hat de universiteit nei bûten brocht. De subsydzje komt by it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit wei, de universiteit hat net krekt sein om hoefolle jild it giet. It ûndersyk is fan heechlearaar trekfûgelekology Theunis Piersma fan Gaast en ûndersyksmeiwurker Jos Hooijmeijer fan Koudum, beiden saakkundich op it mêd fan fûgels.
© Shutterstock.com (birdsnlandscape)
De Friezen binne ferbûn oan it Groningen Institute for Evolutionary Life Sciences fan de universiteit. Sy binne dwaande mei in langduorjend ûndersyk nei de skries, dat al sûnt 2004 rint.
It tal skriezen seit ek wat oer de druk op it bioferskaat, lânskip, milieu en klimaat. Ek lit it sjen hoe't it mei de duorsumens fan de feehâlderij stiet. Piersma en Hooijmeijer wolle dêrom witte yn hokker gebieten en by hokker bedriuwen it bioferskaat him werstelt.
It ûndersyk wurdt ûnder oare dien yn Fryslân, dêr't frijwilligers en fûgelwachten meidogge mei it yn kaart bringen fan nêsten.