Fytser ferwûne nei oanriding op It Hearrenfean

30 apr 2020 - 14:55

Op de Haskeruitgang op It Hearrenfean is tongersdeitemiddei in fytser oanriden troch in auto. De fytser rekke dêrby ferwûne.

De plak fan it ûngelok - Foto: De Vries Media

De fytser waard oanriden by in oerstekplak. De helptsjinsten kamen hjirop mei haast te plak om earste help te ferlienen.

It slachtoffer is koart behannele yn in ambulânse en dêrnei oerbrocht nei it sikehûs. Hoe swier syn ferwûnings binne is net dúdlik.

By it ûngelok rekken ek de fyts en de auto skansearre.

(advertinsje)
(advertinsje)