Daging fan Cambuur en De Graafschap de doar út

Earstedifyzjeklups SC Cambuur en De Graafschap binne in spoedproseduere start om dochs noch promoasje nei de earedifyzje ôf te twingen. Harren advokaat Dolf Segaar hat de earste daging nei de rjochtbank stjoerd. As de sittingsdatum foar it koart pleit bekend is, sil hy de KNVB daagje. "Normaal is dat is ergens in de komende twee weken", seit de advokaat.
© OrangePictures
Ynset fan it koart pleit is alderearst de ferneatiging fan it beslút dat der no leit om gjin promoasje en degradaasje ta te passen yn de ôfbrutsen kompetysje. "We willen via de rechter gedaan krijgen dat de KNVB een besluit neemt waarbij Cambuur en De Graafschap wel promoveren", seit Segaar. In earedifyzje mei tweintich klups is dan it logyske gefolch.

Ledegearkomste

De advokaat hopet eins dat in rjochtsgong net nedich is en besiket de klups ek te helpen by it belizzen fan in ledegearkomste fan de seksje betelle fuotbal. Dêr kinne de klups dan it bûn bewege in oar beslút te nimmen. As de KNVB net sels in ledegearkomste beleit, kin sa'n gearkomste der ek komme as minimaal fjouwer klups dêrta oproppe.
Segaar: "Het zou mooi zijn als we in harmonie een uitkomst krijgen waarmee we recht doen aan Cambuur en De Graafschap. Als de KNVB niet zelf de vergadering belegt, wil ik proberen nog twee clubs te vinden die met ons meedoen. Die zijn er wel, denk ik. Wel is het van belang eerst een goed alternatief op te stellen wat in stemming kan worden gebracht. Daarmee voorkomen we dat het overleg uitmondt in een Poolse landdag."

Mail

De KNVB hat yntusken yn in mail oan alle klups útlein hoe't it ûnder mear ta in beslút kaam om de promoasje- en degradaasjeregeling falle te litten. It bestjoer betelle fuotbal hifke earst de miening fan alle klups, foardat se sels in beslút naam. Sechstjin klups wiene foarstanner fan promoasje en degradaasje, njoggen ferienings stimden tsjin en njoggen oare klups woene gjin stim útbringe. Foar it bestjoer betelle fuotbal wie der dêrmei gjin sprake fan in "zodanige meerderheid dat deze bepalend zou moeten zijn voor het nemen van een besluit."