Rens Kroes yn ferwachting: "Kin net wachtsje op ús poppe"

30 apr 2020 - 14:02

Foodblogger Rens Kroes, en sus fan topmodel Doutzen Kroes, is yn ferwachting fan in berntsje. Dat hat se tongersdei op har 33ste jierdei bekend makke. Kroes, dy't fan oarsprong fan Eastermar komt, sette it blide berjocht op Instagram.

Foto: ANP

Rens Kroes wennet al inkelde jierren yn New York. Op de foto op Instagram is se te sjen mei har hannen op har bûk. Se skriuwt: "Ik haw it moaiste jierdeikado ea al fjouwer moannen yn 'e bûk. Ik haw in lyts berntsje yn 'e ûne, myn ûne!"

"Kin net wachtsje"

Se is al fjouwer moannen fier, mar fielt har noch hiel goed. "Ik haw noch in soad enerzjy", fertelde Kroes tongersdei yn De Middei fan Fryslân. "Dêr haw ik in soad gelok mei. Ik bin hiel bliid en kin net wachtsje om de poppe te sjen!"

Rens Kroes joech yn De Middei fan Fryslân in reaksje

Foar de Friezinne om utens is it wol nuver om yn dizze tiden fan corona yn ferwachting te wêzen. De Feriene Steaten, en benammen ek New York, binne bot troffen troch it firus.

"Myn freon mocht net mei nei de ferloskundige. Fansels fanwegen de coronamaatregels. Fierder is it noch ôfwachtsjen hoe't it aansten is kwa soarch."

Jonkje of famke?

Oft it in jonkje of in famke wurdt, is noch net dúdlik. "Wy witte it net, en wolle it eins ek noch net witte!"

(advertinsje)
(advertinsje)