Gjin finansjele soargen by Dekema State, mar wol oer âldere frijwilligers

30 apr 2020 - 13:20

Ek by Dekema State yn Jelsum binne soargen yn dizze coronatiid. Net sa bot oer jild, want se krije genôch finansjele stipe fan Old Burger Weeshuis. De soargen geane mear oer de groep frijwilligers dy't foar in grut part yn de risikogroep sitte.

Jacomine Hoogendam by Dekema State - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De state yn Jelsum wurdt draaiende hâlden troch it pear Hoogedam en sy hawwe ien betelle krêft yn tsjinst. It wurk wurdt foar it grutste part troch de 100 frijwilligers dien. Sa'n 70 derfan binne al wat âlder en komme op dit stuit de doar net út. Mar komme se aanst werom as de oardelmeterekonomy losgiet?

Dat is wer Jacomine Hoogedam har bot soargen oer makket: "Ik ha mei in pear fan harren kontakt hâlden oer oft se wol werom komme. Se bliuwe no thús en beheine har kontakten. Ik merk de twifel by harren, mar ik hoopje dat der in pear binne dy't wol wolle en kinne."

Groepen besikers of spesjale gearkomsten dy't hâlden wurde op de state kinne wolris yn 'e knipe komme as der net genôch frijwilligers mear binne. Yn de state binne de gongen sa smel dat it risiko op besmetting frij grut is. It pear hopet wol dat de doarren fan de state gau wer iepen kinne. De tún is wol noch hieltyd iepen foar besikers.

Ferslachjouwer Willem de Vries en Jacomine Hoogedam fan Dekema State

(advertinsje)
(advertinsje)