Boargemaster Schokker fan Flylân: "De provinsje is hiel belutsen by de Waadeilannen"

30 apr 2020 - 13:07

Kommissaris fan de Kening Arno Brok en deputearre Avine Fokkens bringe freed in besite oan Flylân. Op it eilân wurde se hieltyd benauder dat de maaiefakânsje wolris in genedeklap foar har wurde kin no't troch de maatregels fanwegen it coronafirus hast gjin toeristen nei it waadeilân komme. Boargemaster Tineke Schokker is dêrom bliid mei de besite fan Brok en Fokkens. "De Provinsje fielt har hiel belutsen by de Waadeilannen", seit se.

De fjoertoer fan Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Troch de krisis binne de boaten nei en de terrassen op Flylân leech. Dat giet boargemaster Schokker oan it hert. "De ûndernimmers ynvestearje yn de winter, binne oan it klussen en binne fan alles oan it dwaan om de bedriuwen klear te meitsjen foar de simmer. En op it stuit dat de toeristen komme soene, brekt de coronakrisis út en stiet alles hjir stil. Dat is freeslik", seit Schokker.

Spagaat

Guon ûndernimmers roppe minsken derom dochs op om nei Flylân te kommen. "Ik snap de ûndernimmers dy't dat sizze. Dat is ek de spagaat wêryn't we sitte. As oerheid kin ik net oars as de boadskip fan premier Rutte werhelje. Bliuw thús en gean net op reis. Dat is hiel dûbeld. Dat is ek echt in spagaat dêr't ik mei myn kollega's fan de oare waadeilannen yn sit. Mar it is sa as it is, wy ha ús gewoan te hâlden oan de maatregels dy't it Ryk oankundige hat."

Goede partner

Schokker wol Brok en Fokkens freed dúdlik meitsje dat de problemen op de Waadeilannen grutter binne as op it fêste lân. "Omdat wy hjir in mono-ekonomy binne. Wy bestean hjir fan toerisme. Alles hinget gear mei toerisme. As it toerisme weifalt, dan ha we neat mear", seit se.

De Provinsje is neffens Schokker in goede ambassadeur fan de Waadeilannen yn Den Haag. De kampanjes fan de boargemasters en de Provinsje ha neffens Schokker dan ek al effekt yn Den Haag. "Wy fernimme dat it al wurket. Dêr is de Provinsje in tige wichtige partner yn. Dy hat goede yngongen, noch bettere yngongen dan dat wy hawwe, yn Den Haag", seit Schokker.

Boargemaster Tineke Schokker oer de noed op Flylân

(advertinsje)
(advertinsje)