"Beskerming lânskipseleminten yn Noardwest-Fryslân net goed op oarder"

De beskerming fan lânskipseleminten yn Noardwest-Fryslân is net goed op oarder. Dêrfoar warskôget de steatefraksje fan de FNP.
© Omrop Fryslân
Yn fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten wol de FNP witte wat der dien wurdt om weardefolle lânskipseleminten yn it gebiet te beskermjen. It giet dan bygelyks om beamsingels en sleatsjes, mar ek om kwelderwâlen en terpen.
De FNP fynt it wichtich dat dy karakteristike eleminten bewarre bliuwe en wol fan it provinsjebestjoer witte wat dêr no krekt oan dien wurdt.