GGD: Ien persoan ferstoarn, twa nije positive tests

30 apr 2020 - 12:05

Der is de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân wer ien nij coronastjergefal by kaam. Dat meldt GGD Fryslân. Yn totaal binne der no 62 minsken ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus. It oantal positive tests is yn it ôfrûne etmiel mei twa oprûn ta 510. "Het kabbelt heel rustig voort", seit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân. "We moeten gewoon volgen wat er gebeurt als we de maatschappij weer openzetten. Kunnen we die kabbelende lijn dan volhouden?"

GGD Fryslân kin no al in pear wiken lang mear minsken teste, want de kapasiteit is dernei. Mar bart dat ek? De Graaf: "Nee. De GGD kan 150 mensen per dag testen, maar er komen maar 50 op een dag. Er is soms de gedachte dat wij het niet aan zouden kunnen, maar daar is geen sprake van. We kunnen nog veel meer aan."

Der soe genôch kapasiteit wêze yn de laboratoaria, mar it testmateriaal soe der noch net wêze. Hoe is dat hjir yn Fryslân? "Dat is op zich wel waar. We kunnen veel meer tests doen, maar je moet wel monsters afnemen. Daar heb je steriele spullen voor nodig, zoals staafjes en buisjes. Daar is meer gebrek aan dan aan de materialen die het laboratorium nodig heeft om te testen", leit De Graaf út.

Mear teste

Oer oardel wike gean guon skoallen foar in part wer iepen. De folwoeksenen dy't mei bern yn oanrekking komme, dus jongereintrainers en dosinten, krije de mooglikheid om test te wurden. "Je wil het toch zeker weten, omdat je als eerste weer in het normalere ritme komt. Daarom hebben we landelijk gezegd: laten we deze groepen, net als zorgverleners, specifiek toegang geven tot tests." Dosinten kinne har fia de arbo-dokter melde foar in test, fuotbaltrainers bygelyks fia de húsdokter of de GGD-dokter.

Dútske stúdzje

Tongersdei waarden de earste resultaten fan in Dútske stúdzje publisearre. Dêr die út bliken dat it coronafirus fia bern ek like oerdraachber is. De Graaf leit út: "Elk land komt op basis van dezelfde studies soms tot andere conclusies. Het RIVM heeft verschillende studies naast elkaar gelegd en toch geconcludeerd dat kinderen een kleinere rol spelen in de verspreiding dan volwassenen." Der soene minder bern siik wurde en de klachten binne by harren ek mylder. "Hoe zwaarder je ziek bent, hoe meer je het verspreidt."

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)