Kollum: "Prate"

"Maarten Keulemans eksellearret de ôfrûne tiid yn De Volkskrant mei syn stikken oer it coronafirus. Hy is wittenskipsredakteur by de krante. Hy folget rêstich wat der oan 'e hân is en ferwurket dat yn heldere en ynformearre stikken. Mar ôfrûne wykein stie der in analyze fan de situaasje fan him yn 'e krante, dy't einige mei it folgjende:
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
'Een burgerlijke opstand dreigt. Niet uit onwil over de maatregelen of luiheid tegenover het virus - maar uit verlangen naar een creatievere aanpak dan de starre, bureaucratische manier waarop het kabinet de sleutels hanteert.'
En die 'sleutels' binne dy ta it suksesfol behearsken fan in epidemy. Want, sa skriuwt Keulemans, dat is net allinnich in biologysk barren, mar ek in sosjaal proses. It giet op it punt dêr't we no binne net mear om technysk-medyske krisisbehearsking. Ja, dat is der noch, want der lizze noch altyd in soad minsken yn de sikehuzen, mar der is ek in wrâld bûten de sikehuzen. In wrâld dy't troch moat, dy't in wei fine moat, wat ek yn it belang is fan 'e sikehuzen.
Ik soe de útbraak fan it coronafirus ferlykje wolle mei in ûngelok op 'e Wâldwei. Der is in botsing, en it ferkear komt ta stilstân. De helptsjinsten gean der op ôf, en it oare ferkear stiet noch altyd stil. Hoe ferfelend se dat ek fine, der is alle begryp foar wat de helptsjinsten dwaan moatte. Mar nei in skoftke is alles opromme en kin de plysje de wei wer frijjaan. De Wâldwei sels gjin sprút feiliger wurden, mar dochs komt it ferkear wer op gong. En ja, de ferliking rint op in protte punten mank, mar moatst dy foarstelle wat der bart as de plysje de Wâldwei noch dagen ticht hâldt. In boargerlike opstân driget.
Wat der no yn de coronakrisis oan 'e hân is, is dat alle plakken dêr't ea in ûngemak bard is foar ûnbepaalde tiid ôfsletten wurde. En dan is der fansels gjin mooglikheid mear ta ferkear, ha minsken neat mear oan harren auto's, komt der úteinlik gjin wegebelesting mear binnen, en kinne de helptsjinsten ek net mear betelle wurde. Nochris: it is mar in metafoar, mar it punt is: we deale mei de Wâldwei, en op termyn fine we manieren om de dyk oan te passen, sadat it net mear dy deadedyk is dy't dy west hat.
De oerheid hat Keulemans lêzen, of yn elk gefal: der is no in nije kampanje rjochte op mentale klachten yn de coronacrisis. Steatssekretaris Blokhuis fan VWS seit dat minsken witte moatte dat se net allinnich binne, as se somber of spand binne. Praat deroer, seit Blokhuis. Ik meitsje my oer de praters net safolle soargen, eins.
Ik snakje nei in kreativere oanpak. Of miskien nei überhaupt in oanpak. Want ik sjoch om my hinne allegearre minsken út de kulturele sektor dy't nul ynkommen ha. Ik sjoch hoe't ik sels myn hier no betelje moat fan myn sparsinten. Myn buorman mei in kofjesaak kin in berop dwaan op needmaatregels, mar foar hoe lang. Nei seis wiken is in lytse 5 persint fan 'e Nederlanners besmet rekke mei it firus; moatte we wachtsje oant it oprint nei 100 persint? Oant der in faksin is foar elkenien? Hoe komt it?
Ik ha de antwurden net op dizze fragen. Mar ik tink al dat Maarten Keulemans gelyk hat: der moat in kreative, sosjale exit komme. Sadat we plannen meitsje kinne; sadat der útsjoch is. Ik tink earlik sein dat we it begjin fan 'e opstân noch net sjoen ha. De rigen foar de IKEA en de boumerken lykje der miskien op, mar as it sa troch giet dan kinst wachtsje op yllegale feesten, op stikeme húsgearkomsten en oar wanhearrich gedrach. Dan krigest itselde as watst sjochst by it ferbod op XTC: ûnkontrolearre boargerlike oerhearrigens, dêr't allinnich noch mar op reagearre wurde kin mei gedoochbelied. En ik wit net oftst dat wolst mei in pandemy. In berop op in kollektyf ferantwurdlikheidsgefoel ('alleen samen krijgen we het coronavirus onder controle') giet mar sa fier. Ik bin der hast wol wis fan dat de earste feesten no al betocht wurde.
We ha in útwei nedich, want in opstân is net echt produktyf - dat wolst op 'e Wâldwei ek net. De nije kampanje fan de oerheid mei it boadskip 'Praat erover' is echt net genôch. Dit giet ek net oer nei de kapper meie. Dit giet oer de kapper noch betelje kinne. Der moat wat barre, want der is nammentlik altyd in smeldiel dat it net by praten lit."