KBO-PCOB wol miening mantelsoarger en famylje oer besiteferbod ferpleechhûzen

30 apr 2020 - 07:35

Senioare-organisaasje KBO-PCOB wol witte wat de gefolgen fan de beheinde besiteregeling binne foar de bewenners fan ferpleechhûzen, mar ek foar harren neisten. De organisaasje hâldt dêrom in enkête ûnder mantelsoargers en de famylje fan ferpleechhûsbewenners.

Âldereinsoarch - Foto: Shutterstock.com

Sûnt 20 maart meie de bewenners troch de maatregels tsjin it coronafirus gjin besite mear ha. Foar sawol de bewenners as de famylje is dat tige dreech. "Eén van de grootste drama's van deze coronacrisis vindt plaats achter de gesloten deuren van verpleeghuizen", seit KBO-PCOB-direkteur Manon Vanderkaa.

"We krijgen heel veel schrijnende berichten van familieleden die merken hoe zwaar het is voor de bewoners van de verpleeghuizen. Zij zijn eenzaam, hebben verdriet en begrijpen soms niet waarom familie niet op bezoek kan komen."

Underfinings meinimme yn beslútfoarming

Ek foar famyljeleden en mantelsoargers is it dreech. Sy misse it kontakt en de mooglikheid om har dierberen efkes fêst te hâlden. KBO-PCOB fynt it wichtich dat harren ûnderfinings ek meinaam wurde yn de beslútfoarming.

KBO-PCOB wol, mei op inisjatyf fan beropsferiening V&VN (Verpleegkundigen & Verzorgenden Nederland), witte hokker ynfloed it besiteferbod hat op bewenners fan ferpleechhûzen en har neisten. "Deze input is ontzettend belangrijk als het gaat om de voorzichtige verruiming van de bezoekersregeling. Want er wordt op dit moment veel óver deze mensen gesproken, zelden mét. Met dit onderzoek willen we dat veranderen."

Utkomsten

De útkomsten nimt KBO-PCOB mei yn it oerlis mei it ministearje en ferpleechhûzen. "We zullen de resultaten van de enquête in dat overleg op tafel leggen, zodat er met het perspectief van bewoners en familieleden rekening gehouden kan worden."

Manon Vanderkaa, direkteur fan KBO-PCOB

(advertinsje)
(advertinsje)