Gemeenteried unanym tsjin komst supermerk oan Dertien Aprilstrjitte yn Easterwâlde

30 apr 2020 - 06:54

De gemeenteried fan Eaststellingwerf is unanym tsjin de komst fan in nije supermerk oan de Dertien Aprilstrjitte yn Easterwâlde. De ried hâldt fêst oan it beslút om allinnich detailhannel yn it winkelsintrum mooglik te meitsjen. It plak hat no de bestimming bedriuweterrein.

Foto: Omrop Fryslan

De omjouwing fan de Dertien Aprilstrjitte falt bûten it saneamde 'kearnwinkelgebiet' en meiwurking ferliene soe neffens it CDA dêrom yn striid wêze mei it eigen belied. Wij Lokaal advisearre de plannemakkers om ris te sjen nei romte dy't binnen it kearnwinkelgebiet frijkomt. Op dit stuit stiet ien op de seis pannen yn it sintrum leech. De ried hâldt dêrmei fêst oan it beslút om yn it winkelsintrum allinnich detailhannel mooglik te meitsjen.

Dêrneist is der neffens it kolleezje in grut ferskaat oan supermerken, sy fine dat der in oeroanbod is. Begjin april wiisde it kolleezje de fergunningsoanfraach foar in nije supermerk al ôf.

(advertinsje)
(advertinsje)