Thúsisolaasje yn in asylsikerssintrum: hoe giet dat eins?

30 apr 2020 - 15:20

It asylsikerssintrum (azc) yn Balk docht der fan alles oan om it foar de lytse 500 bewenners yn dizze tiid fan it coronafirus sa noflik mooglik te meitsjen. Sa wurdt der ûnder oare in training jûn troch in sportskoalle op it parkearterrein fan it azc, mar binne der ek tal fan oare aktiviteiten.

Op dit stuit binne der hielendal gjin útsettingen yn de asylsikerssintra yn Nederlân fanwegen it coronafirus. De grutte fraach by de minsken dy't yn it azc yn Balk wenje, is hoe't it aanst komt as coronafirus wer fuort is. "Er gebeurt vooral heel veel niet. De procedures zijn stilgelegd, maar ook de activiteitenruimtes zijn gesloten. De bewoners blijven heel veel binnen. We zijn wel op zoek naar manieren om ontspanning te vinden, maar dat is elke dag zoeken", leit direkteur Gerrit de Lang út.

Achtpersoansunits

De oardel meter ôfstân bewarje, is neffens De Lang lykwols lestich. "We hebben achtpersoonsunits en binnen die unit kunnen mensen nooit anderhalve meter afstand bewaren." De minsken dy't yn ien unit wenje, wurde dêrom sjoen as in húshâlding en gean der noch wol mei elkoar op út om bygelyks in ein te kuierjen. De Lang: "Als je binnen geen anderhalve meter kunt houden, waarom zou je dat buiten dan wel doen?"

It azc yn Balk - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Neffens Jacqueline Engbers fan it COA (Centraal Orgaan opvang asielzoekers) giet it oer it algemien goed mei it folgjen fan de maatregels yn de azc's: "Er zijn natuurlijk altijd mensen bij wie het makkelijker gaat, maar over het algemeen gaat het heel goed."

"Het is moeilijk"

Azc-bewenner Kamal folget de parsekonferinsjes fan it kabinet op de foet. Om't hy Nederlânske taal behearsket, kin er tolk spylje foar de oare bewenners. De ynformaasje oer de maatregels wurdt ek ferspraat fia de smartphone, flyers en filmkes yn de bewenners harren eigen taal. Mar har dêroan hâlde, is somtiden dreech. Kamal: "Er zijn heel veel moslims in dit centrum. Het is ramadan en zij moeten heel vaak naar de keuken of vlakbij elkaar staan. Het is moeilijk."

Mar salang't dizze situaasje duorret, moatte de bewenners der it bêste fan meitsje. "Ik probeer zoveel mogelijk gitaar te spelen. Soms ga ik lezen of tv-kijken. We proberen elke dag iets nieuws te doen."

Gerrit de Lang, Jacqueline Engbers en Kamal oer de situaasje yn it azc

(advertinsje)
(advertinsje)