Coronanijs fan 30 april: Finansjele problemen by gemeenten en hegeskoalle troch coronafirus

30 apr 2020 - 20:00

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Yn Fryslân binne oant no ta yn totaal 62 minsken ferstoarn oan it coronafirus, en 510 minsken binne posityf test;
  • Der lizze 47 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen (19 op de intensive care's en 28 op oare ôfdielingen);
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier;
  • Sjoch op de kaart de aktuele situaasje yn dyn gemeente.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

19:15
Antoinette de Jong mei wer traine yn Thialf: sy is better taret as ea tefoaren

Nederlânske topsporters kinne fan tongersdei ôf wer gebrûk meitsje fan ferskate trainingssintra, as sy mar wol de rjochtlinen fan it RIVM folgje. Under oare it turnsintrum op It Hearrenfean en reedrydstadion Thialf binne wer iepen foar topsporters. En dêr is reedrydster Antoinette de Jong tige wiis mei mei.

"Je wolle it dwaan sa't it altyd is, dus it is fantastysk dat Thialf no wer iepen is," seit Antoinette de Jong. De Jong soe eins op fakânsje nei Curaçao. "Mar troch corona giet dat net troch. Je sitte hieltyd thús, mar dêrtroch begjin ik eins better oan it seizoen as ea earder."

Reedrydster Antoinette de Jong oer it iepengean fan Thialf

18:14
Bestjoerder sikehûs Snits: "Komt weer wat leven in het ziekenhuis"

It liket derop dat de druk op de sikehuzen noch alle dagen ôfnimt. It tal coronapasjinten op de intensive care is tongersdei wer leger as in dei earder, sa meldt it RIVM. Dat betsjut foar it Antonius sikehûs yn Snits dat se de normale soarch stadichoan wer wat oppakke kinne.

"In het ziekenhuis is het de afgelopen weken heel raar stil geweest voor ons", fertelt bestjoerder Sandra Timmermans. "Een beetje beklemmend zelfs. Alles wat niet noodzakelijk was, hebben we een paar weken geleden stilgelegd."

It Antonius Sikehûs yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries
17:51
Direkteur fan Veiligheidsregio Fryslân, Wim Kleinhuis
17:50
Bedriuwen op Skylge driigje om te fallen

Bedriuwen op de Waadeilannen hawwe swier te lijen fan de maatregels tsjin it coronafirus. De toerist bliuwt fuort en dêrom wurdt der hast neat fertsjinne. De ûndernimmersferiening op Skylge freget de lokale banken om stipe. De gemeente besiket wat te helpen troch belêstingen út te stellen, mar it measte komt dochs op de minsken sels del. "Er dreigen ook mensen om te vallen," seit boargemaster Jon Hermans-Vloedbeld.

17:20
Coronakrisis kostet hegeskoalle NHL Stenden fiif miljoen euro

NHL Stenden ferwachtet dat de coronakrisis de hegeskoalle sa'n fiif miljoen euro kostje sil. Yn dat bedrach wurdt rekken hâlden mei in legere ynstream fan nije en bûtenlânske studinten en ek it fuortfallen fan ynkomsten út ûndersyk. Foarsitter Erica Schaper fan it kolleezje fan bestjoer ferwachtet dat NHL Stenden de kommende tiid goed nei de kosten sjen moat.

Lês hjir it folsleine ferhaal oer de hegeskoalle.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
16:50
Finansjele problemen foar gemeenten

De coronakrisis soarget foar grutte finansjele problemen by in soad Nederlânske gemeenten. By mear as in tredde stiet it wetter oan de lippen. Gemeenten moatte ûndernimmers helpe yn dizze tiid, mar dat is dreech no't se sels ek yn swier waar sitte. "Foar in soad gemeenten driget de artikel 12-status, dan komme je ûnder kontrôle fan de provinsje. En ik bin bang dat dat ek yn Fryslân bart," seit Maarten Offinga, dy't kommisjelid by de Vereniging Nederlandse Gemeenten is.

Offinga is njonken wethâlder yn Súdwest-Fryslân ek kommisjelid Finânsjes by de VNG. Hy wit dus in soad fan de saak ôf. "Ferline wike hiene wy in petear mei de kommisje Finânsjes, dêryn haw ik frege hoe't it liket. En je hearre it oeral, yn safolle gemeenten giet it min. Der binne sels gemeenten mei likwiditeitsproblemen en dus net iens jild hawwe om bepaalde dingen te beteljen."

Hy kin dúdlik útlizze hoe't de finansjele swierrichheden ûntstien binne. Offinga: "In moai simpel foarbyld: wy krije yn de gemeente Súdwest-Fryslân hiel wat toeristen oer de flier. Faak smyt dat oan toeristebelêsting sa'n 2,5 miljoen op. Mar as de helte fan de toeristen net mear komst, dan is der sa in gat fan 1,2-1,3 miljoen euro yn de begrutting."

Snits - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
16:30
Campingeigeners hawwe it dreech

Campingeigeners hawwe it dreech dizze maaiefakansje, dat jildt ek foar de campings op de Waadeilannen. Lege terrassen, annulearringen foar fakânsjes en in grut gat yn de ynkomsten. Wêr't guon campings de duoarren folslein sletten ha, binne der ek eigeners dy't de camping noch wol iepen hawwe foar gasten. "Wij hebben 116 caravans en chalets, waarvan nu ongeveer tien procent bezet is", seit Hans Schroo fan fakânsjepark Eldorado.

Lês hjir it ferhaal oer campings en fakânsjeparken.

Camping Kooi op Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
16:12
Oerke winkelje by kringloop Grou

De kringloopwinkel yn Grou giet wer in bytsje iepen. De saak hat sân wiken ticht sitten en krijt hieltyd mear fragen fan minsken oer wannear't se wer komme kinne. Minsken kinne fia de webside reservearje en kinne dan in oere winkelje. Se moatte har dan wol oan de coronamaatregels hâlde. Minsken kinne fan tiisdei ôf ek wer guod ynbringe.

15:41
Filmkes BF'ers foar jongeren op Instagram

Jongerewurkers yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel hawwe in filmke-projekt opset om de jongeren yn beide gemeenten in hert ûnder de riem te stekken. Se hawwe bekende Friezen frege oft sy filmkes opnimme wolle, om jongeren sjen te litten hoe't sy omgean mei alle feroaringen troch de coronakrisis. En se jouwe ek handige tips. De 'CoVideo's' komme op Instagram, YouTube en Facebook, alle wiken ien. Wa't dêr ferlet fan hat, kin ek online kontakt sykje mei de jongerewurkers fan Tytsjerksteradiel. Dy binne alle tongersdeitejûns fan sân oere ôf te finen op Instagram.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)