Gertjan Verbeek fuort by Adelaide United

30 apr 2020 - 00:33

Fuotbaltrainer Gertjan Verbeek hat syn kontrakt by Adelaide United ûntbine litten. De âld-spiler en -trainer fan SC Hearrenfean wol wissichheid oer syn takomst en dy kin er by de klup út Australië net krije, fertelde er woansdei by Op1.

Gertjan Verbeek - Foto: www.orange-pictures.nl

Verbeek wie dwaande mei syn earste seizoen yn Australië. It seizoen is fiif wedstriden foar de ein ôfbrutsen fanwegen it coronafirus. "De vooruitzichten zijn onzeker. De financiële situatie van de club is niet goed en ik moet ook gewoon de kost verdienen voor mijn gezin. Ik denk dat dat vanuit hier beter kan dan vanuit Australië."

We hadden het ontzettend naar ons zin. Jammer dat het zo eindigt.

Gertjan Verbeek

De âld-ynwenner fan Jobbegea hie noch in kontrakt foar in twadde jier. Graach hie Verbeek noch langer yn Australië aktyf bleaun, mar dat giet dus net mear troch. "Ze kunnen me geen garantie geven dat er volgend jaar weer voetbal is in Adelaide. We hadden het ontzettend naar ons zin. Jammer dat het zo eindigt."

Earder dit seizoen wûn Verbeek mei Adelaide United noch de beker yn Australië.

(advertinsje)
(advertinsje)